Marka en Oaje

Ut Wikipedy
Marka en Oaje rinne yninoar ta de Sealter Ie op it wapen fan Näiskäddel

Marka en Oaje (Dútsk: Ohe) binne twa lytse rivierkes besuden it Dútske Easterlauwersk-Frysktalige Sealterlân. De lingte fan de twa rivierkes is sa'n 35 km. By Näiskäddel, sa'n pear hûndert meter besuden it Sealterlân, rinne de streamkes yninoar en foarmje dan de Sealter Ie.

Fan dêrôf giet it noardlik de kant fan Sealterlân op. De Sealter Ie giet troch Sealterlân hinne en komt by de Sealterske plakken Seedelsbierich, Skäddel, Roomelse, Strukelje en Boukeläsk del. By it buorskip Roggenboarch komt de rivier út yn it Elisabethfeankanaal en it Barsseler Djip. Uteinlik komme dy rivieren tegearre út yn de Leda, in sydrivier fan de grutte Iems. It wetter fan de Iems rint dan troch de Doalert yn de Noardsee.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]