Springe nei ynhâld

Marjan Minnesma

Ut Wikipedy
Marjan Minnesma
Marjan Minnesma (2015)
Marjan Minnesma (2015)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne28 oktober 1966
stoarn22 maaie 2026 (59 jier)
wurkpaad
aktyf asaktivist
reden
  bekendheid
Stichting Urgenda
offisjele webside
Hiemside

Marjan Minnesma (Wormerveer, 28 oktober 1966Noordbeemster, 22 maaie 2026) [1] wie direkteur en oprjochter fan Stichting Urgenda, in organisaasje foar ynnovaasje en duorsumens.

Minnesma waard oplaat as bedriuwskundige, jurist en filosoof en ûntwikkele har yn de earste desennia fan de 21e iuw ta ien fan de boechbylden fan it stribjen nei in enerzjytransysje yn Nederlân.

Foar't se oerstapte nei Urgenda wurke se by NOVEM, Greenpeace, de Frije Universiteit Amsterdam en it Dutch Research Institute For Transitions (DRIFT) fan de Rotterdamske Erasmus Universiteit dêr't ûnder mear mei-Urgenda-oprjochter Jan Rotmans oan ferbûn is.

Fia de yn 2007 mei troch har oprjochte Stichting Urgenda waard se yn Nederlân bekend troch har inisjativen foar in fluggere transysje nei in enerzjyneutrale mienskip. Bûten Nederlân krige se wat bekendheid troch it suksesfolle proses yn 2015 tsjin de Nederlânske steat dêr't in aktiver klimaat- en enerzjybelied yn easke waard.

Minnesma is ferskate kearen keazen ta nûmer 1 fan de Duurzame 100, [2] in list mei de ynfloedrykste 'duorsume' Nederlanners dy't deiblêd Trouw sûnt 2009 publisearret.

Yn 2022 wûn Minnesma de Goldman Environmental Prize.[3]

Minnesma ferstoar op 22 maie 2026 oan boarstkanker. Se waard 59 jier.[1][4]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: