Marinus Post

Ut Wikipedy

Marinus Post (Hollandscheveld, 3 augustus 1902 - Alkmaar, 17 novimber 1944) wie in Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.

Marinus Post wiein âldere broer fan Johannes Post út de húshâlding fan 11 bern fan Jan Wolters Post en Trijntje Tempen en wenne begjin fan de oarloch yn Kampen.

Post late in knokploech dy't yn it hiele lân aksjes útfierde. July 1944 waard him frege om mei syn KP-Waterland mei te dwaan oan de oerfal op it Hûs fan Bewarring yn Amsterdam. Marinus wegere omdat er it plan te riskant fûn. De aksje mislearre yndie; ûnder oaren Johannes Post waard arrestearre en eksekúsjearre.

Op 18 oktober 1944 waard Marinus Post yn Amsterdam oppakt en op 17 novimber 1944 yn Alkmaar deasketten. Nei de oarloch waard er fannijs beïerdige op it Earebegraafplak Bloemendaal yn Overveen njonken syn broer.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Anne de Vries, De Levensroman van Johannes Post
  • G.C. Hovingh, 'Johannes Post, exponent van het verzet. Biografie' (Kampen 1995)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]