Springe nei ynhâld

Marika Fruscio

Ut Wikipedy
Marika Fruscio
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marika Fruscio Calendario
nasjonaliteit Italjaansk
berne 3 jannewaris 1979
berteplak Milaan (Itaalje)
etnisiteit Italjaansk
reg. identiteit Lombardysk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, kommentatrise,
neakenmodel
medium tillefyzje, radio
jierren aktyf <2009 – no
offisjele webside
gjint

Marika Fruscio (folút: Marika Fruscio Calendario; Milaan, 3 jannewaris 1979) is in Italjaansk presintatrise en kommentatrise fan Lombardysk komôf, dy't ek aktyf is as neakenmodel.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fruscio waard yn 1979 berne yn Milaan. Hja is wurksum as presintatrise en sportkommentatrise op 'e Italjaanske kommersjele tillefyzjestjoerder Odeon TV. Dêrnjonken wurket se ek foar it radioprogramma Radio Club 91, en hat se in kollumn yn it tydskrift Napoli Magazine út Napels. Yn 2010 krige se yn Itaalje nasjonale bekendheid troch in (al of net by fersin plakfinende) misse set mei har klean, wêrby't ûnder in neibesprekking fan in fuotbalwedstryd op 'e tillefyzje ien fan har boarsten foar 't ljocht kaam. Yn 2011 liet Fruscio harsels wiidweidich neaken fotografearje foar it Italjaanske tydskrift Men Magazine.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marika Fruscio is blank, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 57 kg. Hja hat in natuerlike kupmaat 37G.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: