Marijetsjerke (Tilburch)
| Marijetsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| provinsje | ||
| plak | ||
| adres | De Schans 121 | |
| koördinaten | 51°35'N 5°5'E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| wijd oan | Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | J.C. van den Heuvel | |
| boujier | 1873 | |
| boustyl | neogotyk | |
| monumintale status | ||
| monumintnûmer | 521101 | |
| Webside | ||
| norbertijnenparochiehq.nl | ||
| Kaart | ||
De Marijetsjerke yn Tilburch is in neogoatyske tsjerke yn 'e Tilburchske wyk Heikant. De tsjerke waard yn 1873 neffens in ûntwerp fan J.C. van den Heuvel boud en oan 'e ûnbesmodzge ûntfinzenis fan 'e Jongfaam Marije wijd. It gebou stiet oan De Schans 121.
Tsjintwurdich wurdt de tsjerke brûkt troch de parochy fan Heikant-Quirijnstok.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke is in neogoatyske tsjerke yn Tilburchske wyk Heikant. Nei't yn 'e rin fan 'e 19e iuw jimmeroan minsken yn it gebiet harren nei wenjen setten, waard dêr in parochy stifte. Yn 1871 kaam der in parochieel sintrum en de tsjerke waard yn 1873 ynwijd. It is in neogoatyske krúsbasilyk mei in heech middenskip en twa folle legere sydskippen. It gebou hat gjin toer, wol in krusingstuorke.
Njonken de tsjerke waard in pastorije boud neffens ûntwerp fan Hendrik Jacobus van Tulder. Fierder waard yn 1902 in woldiedigensynstelling oprjochte troch de Susters fan Liefde. Yn it earstoan wie dy ûnderbrocht yn in wente, mar yn 1907 waard in kleasterkompleks boud, ûntwurpen troch arsjitekt C.F. van Hoof. Dat kleasterkompleks waard fan 1977 oant 1978 omboud ta in mienskipssintrum .
Sûnt 1964 is de tsjerke brûkt troch de Norbertinen fan 'e priorij De Schans. Yn 1997 waard in oan Sint-Norbertus wijde deikapel yn 'e tsjerke iepene.
Yn 1986 waard de tsjerke klassifisearre as in gemeentlik monumint. Yn 2001 krige it hiele kompleks de status fan ryksmonumint. De tsjerke wurdt hjoed-de-dei ek brûkt troch de Poalske mienskip fan Tilburch.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tsjerke stiet in oargel fan 'e bruorren Vermeulen út 1918. In twadde manuaal waard yn 1931 tafoege. Foar de bou fan 'e oargelkas waarden âlde bychtstuollen brûkt. It oargel hat 12 registers op twa manualen en pedaal. It oargel is lykas de tsjerke in ryksmonumint.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
