Springe nei ynhâld

Marije Magdalenatsjerke (Jeruzalim)

Ut Wikipedy
Marije Magdalenatsjerke
Храм Марии Магдалины
Lokaasje
lân Israel
plak Jeruzalim
koördinaten31°46' N 35°14' E
Arsjitektuer
arsjitektDavid Grimm
boujier1885-1888
boustylRussyske barok
Webside
Side fan de tsjerke
Kaart
Marije Magdalenatsjerke (Jeruzalim)
Marije Magdalenatsjerke

De Marije Magdalenatsjerke (Russysk: Храм Марии Магдалины) is in russysk-otterdokse tsjerke op 'e Oliveberch by de hôf fan Getsémané yn it eastlike diel fan Jeruzalim.

De tsjerke waard boud yn opdracht fan tsaar Aleksander III en syn bruorren ta oantinken fan syn mem keizerin Maria Aleksandrovna. De tsjerke waard boud yn 'e styl fan 'e russyske barok fan 'e 16e en 17e iuw en hat sân fergulde sipels.

Ynterieur.

By de konsekraasje fan 'e tsjerke yn 1988 wiene út namme fan 'e tsaar gruthartoch Sergej Aleksandrovitsj en syn frou gruthartogin Elizabeth oanwêzich. De gruthartogin joech de Russyske skilder Sergej Ivanov (1864-1910) opdracht om de grutte skilderijen foar de tsjerke te meitsjen oer it libben fan Marije Magdalena. Yn 'e ikonostaze fan brûns mei wyt moarmer binne ikoanen fan 'e ferneamde keunstner Vasili Veresjtsjagin (1842-1904) ferwurke.

It oan 'e tsjerke ferbûne otterdokse kleaster leit yn 'e delling fan 'e Kidron. Yn it kleaster wennet in ynternasjonale mienskip fan otterdokse nonnen.

Nei't har man Sergej Aleksandrovitsj by in oanslach yn 1905 fermoarde waard, stifte gruthartogin Elizabeth in kleaster en waard non. Yn 1918 waard se tegearre mei oare leden fan 'e keizerlike famylje troch de bolsjewiken yn in skacht smiten om dêr te stjerren. Har oerbliuwsels en dy fan suster Varvara Jakovleva waarden nei Jeruzalim brocht en yn 'e krypte ûnder de Marije Magdalenatsjerke byset. Beide nonnen waarden yn 1981 hillich ferklearre troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke yn it Bûtelân, folge troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke yn 1992. Yn it ramt fan dy hillichferklearring binne de reliken fan 'e nonnen út de krypt nei de boppe-tsjerke ferhûze.

Yn 1988 waard op har fersyk prinses Alice fan Battenberg (1885-1969), de mem fan 'e hartoch fan Edinburgh en troch syn houlik de skoanmem fan Elisabeth II, njonken har muoike Elisabeth begroeven.

Keppeling onm utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: