Springe nei ynhâld

Marije-eilannen

Ut Wikipedy
Marije-eilannen
geografy
lân Meksiko
koördinaten21°32'N 106°28'E
sifers
oerflak244,97 km²
heechste puntPunta Rocallosa (616 m)
kaart
Marije-eilannen (Meksiko)
Marije-eilannen

De Marije-eilannen (Spaansk: Islas Marías) binne in groep eilannen yn 'e Stille Oseaan, dy't by Meksiko hearre. De arsjipel stiet ek wol bekend ûnder de namme 'de Trije Marijen' (Spaansk: Tres Marías). De eilannen lizze likernôch 112 km westlik fan 'e kust fan 'e Meksikaanske steat Nayarit. Bestoerlik hearre de eilannen ek by de dielsteat Nayarit.

Lânskippen fan it eilân María Madre.

María Madre (145,28 km²), ferneamd nei Marije, de mem fan Jezus, is it grutste eilân fan 'e groep. Dêr is ek de measte ynfrastruktuer. Oare eilannen dy't it neamen wurdich binne, binne: María Magdalena (70,44 km², ferneamd nei Marije Magdalena), María Cleofas (19,82 km², ferneamd nei Marije fan Klopas) en San Juanito (9,10 km²). Dêrnjonken binne der noch fiif lytse eilantsjes.

De eilannen waarden yn 1905 troch it Meksikaanske regear as in strafkoloanje brûkt. De finzenis hat mear as in iuw bestien en waard yn 2019 sletten. Under it regear fan presidint Andrés Manuel López Obrador waard besletten om de eilannen in ekologyske en edukative funksje te jaan.

De eardere finzeniskoloanje is no in nasjonaal park en kultureel erfgoed. It wurdt ûntwikkele as in plak foar miljeu-edukaasje en natuerbeskerming.

Hjoed-de-dei wennet der in lytse groep minsken dy't wurkje foar it regear of ynstellings dy't de natuer en de ynfrastruktuer beheare.

Toeristen wurdt beheind tastien en ûnder begelieding en strange betingsten kinne de eilannen besocht wurde.

De eilannen binne ek fan grut belang foar de biodiversiteit. Se hawwe in soad unike plantesoarten en wurde beskerme as biosfearreservaat fan UNESCO. Op María Madre is de Tres-Mariasmûs (Peromyscus madrensis), in endemyske wytpoatmûs. Ek is der in lânseigen ûndersoarte fan 'e waskbear, de Tres-Mariaswaskbear (Procyon lotor insularis). De Isla Marías-papegaai (Amazona oratrix tresmariae) is in tige seldsume ûndersoarte fan 'e gielkopamasône. Fierder binne der unike reptilen lykas slangen en hazzeeftigen, dy't har oanpast ha oan it libben op 'e eilannen.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Marije-eilannen fan Wikimedia Commons.