Springe nei ynhâld

Marie Braun

Ut Wikipedy
Marie Braun
sporter
Marie Braun (1928)
Marie Braun (1928)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMaria Johanna Philipsen-Braun
bynammeZus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum22 juny 1911
berteplakRotterdam
stjerdatum23 juny 1982
stjerplakGouda
lingte1.70 m
sportive ynformaasje
sportSwimmen
ûnderdielRêchslach,
Frije Slach
O.S.Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1928
Sulver grut sulver 1x Olympyske Spullen 1928
Goud grut goud 4x EK 1927, 1931
Sulver grut sulver 2x EK 1927

Maria Johanna Philipsen-Braun (Rotterdam, 22 juny 1911 - Gouda, 23 juny 1982), ek bekend as Zus Braun, wie in Nederlânsk swimster.

Marie wie in dochter fan de ferneamde swimtrainster Ma Braun en har heit die oan keunstdûken en wetterpolo.

Sy die twa kear mei oan de Eurpeeske kampioenskippen en twa kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928 en 1932). Sy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen op de 100 meter rêchslach, yn in tiid fan 1:22.0 minuten. In pear dagen earder hie sy ek al in sulveren medalje wûn op de 400 meter frije slach. Sy waard ek fjouwerfâldich Europeesk kampioene.

Yn septimber 1931 boaske se mei Herman Philipsen, mar yn tsjinstelling ta in protte oare troude froulju bleau se swimmen. Der waard in jier letter in protte fan har ferwachte by de Spullen yn Los Angeles. Ien dei foar har finale waard sy lykwols biten troch in ynsekt, wêrtroch't se yn it sikehûs bedarre. Dêrnei beëinige Braun daalks har sportkarriêre.

Marie Braun ferstoar op 23 Juny 1982, yn 'e âldens fan 71 jier.


Boarnen, noaten en/as referinsjes: