Marianna Madia

Ut Wikipedy
Marianna Madia

Marianna Madia (5 septimber 1980, Rome) is in Italjaansk politika[1] dy't sûnt 21 febrewaris 2014 de minister fan Iepenbier bestjoer en bestjoersferienfâldiging is[2].

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sy is in dochter fan de sjoernalist, akteur en politikus Stefano Madia (1954-2004). Har basis- en middelber ûnderwiis krige se op de eliteskoalle Lycée français Chateaubriand yn Rome. Se studearre cum laude ôf yn de politikology en promovearre dêrnei yn arbeidsekonomy.

Sûnt 2011 is hja lid fan de redaksje fan it tydskrift Italianieuropei. Se siet by it technysk sekretariaat fan de ûndersektaris fan foarsitter Enrico Letta ûnder de regearing-Prodi fan 2006 oant 2008. Teffens arbeide se in skoft oan it opsetten fan in ûnderwiisprogramma oer duorsumens mei de namme E-cube (Enerzjy, Ekology, Ekonomy). Foar de earste ôflevering fan dat programma krige se yn juny 2008 de spesjale priis fan it Jeropeesk Miljeu-agintskip Festival: "Green Wave 21e iuw."

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Primarie del Pd, exploit delle donne. Sorpresa Madia: «Dicevano che ero da listino»
  2. «Italy's PM-designate Matteo Renzi names new cabinet»