Marianeniisfûgel
| Marianeniisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Todiramphus albicilla | ||||||||||||
| Dumont, 1823 | ||||||||||||
De Marianeniisfûgel (Todiramphus albicilla) is in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Earder waard de soarte as in ûndersoarte beskôge fan 'e wytkraachiisfûgel (T. chloris) en guon autoriteiten lykas BirdLife International dogge dat noch jimmeroan.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is in middelgrutte iisfûgel. De kop is foar in grut part wyt mei somtiden in ljochtgriene kroan en in swarte streek efter it each. Ek in grut part fan it bealchje is suver wyt. Fierder hat de fûgel in griene rêch en sturt en blauwere wjukken. De snaffel is swart mei in by de basis giele ûndersnaffel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Marianeniisfûgel is endemysk op 'e Noardlike Marianen. Der wurde trije ûndersoarten ûnderskieden.
- Todiramphus albicilla albicilla: Saipan en Tinian.
- Todiramphus albicilla owstoni: Asuncion, Agrihan, Pagan en Alamagan.
- Todiramphus albicilla orii: Rota.
De Marianeniisfûgel libbet yn kustgebieten, mar komt ek yn oare habitattypes foar.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN erkent de soarte net en om dy reden is der gjin klassifikaasje fan 'e bedrige status.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
