Maria van Harinxma thoe Slooten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Maria van Harinxma thoe Slooten
persoanlike bysûnderheden
echte namme Maria Clara Electra Walburga
   van Eysinga baronesse Van
   Harinxma thoe Slooten
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 29 augustus 1927
berteplak Amsterdam (Noard-Hollân)
stoarn 26 febrewaris 2015
stjerplak Aldemardum (Fryslân)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurkpaad
berop/amt húsfrou
aktyf as bestjoerster
reden
  bekendheid
● troud mei keamerhear jhr.
   Cornelis van Eysinga
● 1 f.d. lêste eksponinten f.d.
   tradysjonele Fryske adel

Maria van Harinxma thoe Slooten (folút: Maria Clara Electra Walburga van Eysinga baronesse Van Harinxma thoe Slooten; Amsterdam, 29 augustus 1927Aldemardum, 26 febrewaris 2015) wie in Frysk ealfrouwe en ien fan 'e lêste fertsjintwurdigers fan it tradysjonele aadlik wêzen yn 'e provinsje.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Harinxma thoe Slooten wie hikke en tein yn Amsterdam, dêr't hja ek har man, jonkhear Cornelis "Cees" van Eysinga trof, waans heit dêr perfester wie oan 'e universiteit. Nei harren trouwen setten hja har nei wenjen yn Fryslân, dêr't Van Harinxma thoe Slooten fan har memme famylje, Van Welderen Rengers, it monumintale Epema State yn Ysbrechtum urven hie. Har man wie predikant te Langwar, te Ealsum en Wetsens, yn Toppenhuzen en Twellingea en yn Wolsum en Westhim, en letter wied er ek keamerhear fan 'e keninginne yn Fryslân, in ûnbetelle earebaantsje. As fertsjintwurdigers fan 'e adel ûnderholden de Van Eysinga's dochs al bannen mei it keningshûs, mar troch it keamerhearskip fan 'e jonkhear dinearren keninginne Juliana en letter ek Beatrix ferskate kearen op Epema State.

Maria van Harinxma thoe Slooten wie tige maatskiplik belutsen en sette har as dûmnyske û.m. yn foar de pleatslike frouljusferiening en yn 'e bernetsjerke. Ek wie hja in kenner fan 'e Fryske adel, dy't alle lagen mei har bloedbannen en skiednissen út 'e holle wei opsizze koe. Wa't dêr yn Fryslân wat oer witte woe, dy moast by har wêze, en sokken ûnthelle hja ek graach. Fierders organisearre de baronesse in protte eveneminten op Epema State, fan rommelmerken en braderyen oant besletten jûnsdiners by kjersljocht. Van Harinxma thoe Slooten en de man krigen fiif bern (Frans, Tjalling, Elske, Coralie en Clara), en bleaune oant yn hege âlderdom op Epema State wenjen. Yn desimber 2013 waarden hja troch sûnensswierrichheden lykwols twongen om te ferhúzjen nei it fersoargingstehûs Bos- en Meerzicht, yn Aldemardum. Op 26 febrewaris 2015 kaam Maria van Harinxma thoe Slooten dêr te ferstjerren. Hja waard begroeven yn Langwar.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Westrheenen, Saskia van, In alles een barones (ûnderdiel fan 'e rubryk In Memoriam), yn: de Ljouwerter Krante, 28 febrewaris 2015.
  • ~, Deaberjocht Maria van Harinxma thoe Slooten, yn: de Ljouwerter Krante, 27 febrewaris 2015.