Springe nei ynhâld

Maria Christina fan Saksen-Coburg

Ut Wikipedy

Maria Christina Daphné Astrid Elisabeth Léopoldine van Saksen-Coburg (Laken, 6 febrewaris 1951) is it twadde bern fan Leopold III fan Belgje en prinses Lilian Baels.

Op 15 desimber 1960 learde hiel Belgje har kennen as breidsfamke op it houlik fan har healbroer kening Boudewijn mei doña Fabiola Mora y Aragón. Marie-Christine wie dêrfan sa oandien, dat se de rest fan de plechtichheid op telefyzje folgje moast.

As dochter fan in kening dy't twongen wie om ôf te treden en in mem dy't nea keninginne wurde soe, hie Marie-Christine net in maklike jeugd. De situaasje soarge by har foar rebelly. Yn de rin fan 'e tiid liet se dúdlik merke dat se gjin blêd foar de mûle nimme soe, en alle houliken dy't foar har arranzjearre waarden wiisde se ôf. Boppedat ferwiet se har mem dat sy in dominante rol spile en dat dy hielendal gjin minsklike waarmte hie. Yn de ynterviews dy't se sa út en troch tastie beklage se har faak oer de swiere straffen dy't se krigen hie en de ûnrjochtfeardichheid dy't se ûnderfûn hie. Dêrneist soe it feit dat se in eigen mem mist hie, dat se grutbrocht west wie troch (ferskillende) oppassen en dat har mem har net leaude doe't se as jonge frou misbrûkt wie har bot tekene hawwe.

Yn 1981 besleat se nei Toronto yn Kanada ta te gean. Om dêr bliuwe te kinnen troude se mei de homoseksuele Paul Druckner, in barpianist dy't trettjin jier âlder wie as sy wie. Se fêstige har letter yn Los Angeles mei de Frânske restaurateur Jean-Paul Gourgues, mei wa't se op 28 septimber 1989 troude.

Marie-Christine hearde it nijs fan it ferstjerren fan har heit op telefyzje. Se reizge nei Belgje ta om ôfskied te nimmen. Har oanwêzigens wie net mear as in priveebesite op de jûn foar de begraffenis.

Marie-Christine dreamde fan in karriêre yn de filmwrâld. Se rekke nei eigen sizzen "befreone" mei Elizabeth Taylor, Arnold Schwarzenegger en Jamie Lee Curtis. De Hollywoorddream wie gjin lang libben beskern.

Marie-Christine gie net nei de begraffenis fan kening Boudewijn. Se ferklearre dat har healbroef de iennige west wie dy't har ea de hân rikt hie wannear't se dy nedich hân hie. Yn 2004 publisearre se har memoires ûnder de titel 'De breuk', dêr't se iepenhertich yn fertelt oer har jeugd, de relaasje mei har heit Leopold en har mem, har leafdesrelaasjes en har eigen folwoeksen libben.

  • La Brisure, autobiografy, útj. Luc Pire, 2005.
  • Frédéric DELEPIERRE, La dérive de la princesse brisée, in: Le Soir, 8 oktober 2004.
  • Christian LAPORTE, Une Princesse de strass et de paillettes, in: Le Soir, 15 oktober 2004.
  • Marie-Christine de Belgique, in: Le Moustique, 22 mei 2007.
  • Michel VERWILGHEN, Le mythe d'Argenteuil : demeure d'un couple royal, Tielt, Lannoo, 2006.