Springe nei ynhâld

Marginalisearre taal

Ut Wikipedy
Troch iuwenlange minorisaasje is it Baskyske taalgebiet in stik lytser wurden.

Yn 'e sosjolinguistyk is in marginalisearre taal in taal dy't marginalisearre, ferfolge of ferbean wurdt. [1] Taalmarginalisaasje komt fuort út 'e oanstriid fan lannen om ien mienskiplike homogene taal foar de hannel en de oerheid te fêstigjen, of om ideologyske redenen. [2] Marginalisearre talen binne typysk beheind ta in lytser skala oan taaldomeinen as de dominante talen, itjinge soarget foar in taalferskowing yn it foardiel fan de dominante taal. Faak is der in patroan fan iensidige twataligens om't sprekkers fan minorisearre talen de dominante taal wol leare, mar net oarsom. De status fan in marginalisearre taal wurdt gauris leger achte.

Minderheid foaroer minorisearre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wannear't der sprutsen wurdt fan in minderheidstaal giet it benammen oer de numerike ferhâldings. It is in taal dy't brûkt wurdt troch in lyts tal sprekkers yn in gebiet.[1] Dêrnjonken is der sprake fan minder politike macht by de oanbelangjende groep. [2] Dat lêste jildt ek foar marginalisearre talen, mar in taal kin ek marginalisearre wurde wylst er troch in mearderheid fan 'e befolking sprutsen wurdt.

In foarbyld dêrfan is it Frysk yn Fryslân, dêr't in mearderheid fan de minsken Frysk prate kin wylst de taal wol marginalisearre wurdt. Oare foarbylden binne de oarspronklike talen fan Afrika yn tiden fan kolonisaasje, doe't de koloniale talen wichtiger achte waarden.

"It gebrûk fan it Spaansk as deistich kommunikaasjemiddel, en dus syn maatskiplik belang, hinget sterk ôf fan hoe't de Spaanske befolking it brûkt. Spitigernôch is der in dúdlike ferpleatsing nei it Ingelsk te fernimmen ûnder Spaansktaligen dy't nei de Feriene Steaten ferfearn binne." - Carmen Silva-Corvalán (2002)

Fierder wurdt it Spaansk yn it suden fan 'e Feriene Steaten marginalisearre wêrtroch't it in minderheidstaal wurden is. Oan de oare kant is it Spaansk lykwols de dominante taal yn Latynsk-Amearika, dêr't pleatslike lânseigen talen marginalisearre wurde. [3] De term "marginalisearre" krijt somtiden de foarkar boppe it wurd "minderheidstaal", om't dat it omtinken lûkt nei it machtsferskil tusken talen. [2]

Westerske taalideology

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nancy Dorian, Kathryn A. Davis en Prem Phyak hawwe ornearre dat der in "westerske taalideology" is dy't sosjaal darwinisme tapast op 'e taalwittenskip. Dy ideology soe ientaligens idealisearje, de foardielen fan meartaligens ûntkenne en net-standerttaalfarianten ferachtsje. Om't soksoarte net-standertfarianten as tekoart oantsjut wurde, wurdt in hierargy fan talen makke. Guon auteurs hawwe in ferbining lutsen tusken anty-ymmigraasjesentimint, benammen anty-Dútske sentimint, en Ingelsk-allinich ûnderwiis yn 'e Feriene Steaten. [4]

Yn Jeropa wie it proses fan marginalisaasje, bygelyks fan 'e Keltyske talen yn Grut-Brittanje of de minderheidstalen yn Frankryk en Itaalje, ferbûn mei it ûntstean fan nasjonalistyske bewegings dy't yn 'e njoggentjinde iuw de oprjochting fan ientalige, monokulturele naasjesteaten fregen. It proses fan marginalisaasje late gauris ta in taalferskowing nei de hegemonyske taal. [5]

Skaaimerken fan minorisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It definiearjende skaaimerk fan marginalisaasje is it bestean fan in machtûnbalâns tusken dy taal en de dominante. In teken dat in taal marginalisearre is, is dat syn sprekkers iensidige twataligens ûntwikkelje - se leare de dominante of prestiizjetaal, mar sprekkers fan 'e dominante taal leare de marginalisearre taal net. In oar faak foarkommend symptoom fan marginalisaasje is de beheining fan 'e taal ta in beheind oanbod fan taaldomeinen. In taal dy't útsletten is fan gebrûk troch de oerheid en formeel ûnderwiis kin allinnich thús en yn sosjale rûnten brûkt wurde.

Fanwegen it boppesteande wurde sprekkers fan 'e marginalisearre taal in subset fan 'e sprekkers fan de dominante taal. Bygelyks binne alle sprekkers fan it Skotsk-Gaelysk ek Ingelsktaligen, mar de measte Ingelsktaligen yn Skotlân prate gjin Gaelysk. It ferstean en lêzen fan dat Gaelysk soe in brêge betsjutte kinne foar dy taal. [6] Likegoed fine sprekkers fan it Sardynsk har yn in relatyf lytse minderheid yn ferliking mei dy fan it Italjaansk, fan wa't it hjoeddeistige oerwicht op it eilân it gefolch is fan belied dat rjochte is op it útsluten en stigmatisearjen fan 'e groepsidentiteit fan de oarspronklike bewenners. [7] Yn tsjinstelling ta in minorisearre taal, kinne sprekkers fan in dominante taal alle funksjes fan it deistich libben útfiere.

Sprekkers fan 'e dominante taal brûke typysk it gruttere prestiizje fan 'e dominante taal as tsjinargumint om de sitewaasje te feroarjen. Dat makket it lestich om de sitewaasje geunstiger te meitsjen foar de marginalisearre taal. Bygelyks in protte "liberale" krityk op taalplanning foar marginalisearre mienskippen is dat yntervinsje yn it foardiel fan marginalisearre talen liket op it belied dat de ûnlykwichtige sitewaasje yn it foarste plak feroarsake hat. Tink dêrby oan taalwetjouwing, elitisme, útsluting fan oare talen fan it formele ûnderwiis, en sels twongen befolkingsoerdracht.

Yn Engaged Language Policy and Practices neame de auteurs trije ûndersiken dy't sjen litte dat de akademyske prestaasjes fan studinten te lijen ha ûnder belied dat harren memmetaal marginalisearret. Nancy Dorian hat ornearre dat de "westerske taalideology" (dy't ientaligens befoarderet) in "ideology fan ferachting" stimulearret foar marginalisearre talen oer. [4] It proses fan marginalisaasje kin sa liede ta taalferskowing yn it foardiel fan de dominante taal. [5]

  • Yn Ruslân waarden sprekkers fan Ös en Tofa bespotte foar of ferbean harren talen te praten. [8]
  • De Guarany-taal fan Paraguay, hoewol sprutsen troch in mearderheid fan 'e steatsboargers, wurdt sjoen as in dúdlik foarbyld fan in marginalisearre taal, fanwegen de sosjaalekonomyske en politike dominânsje fan it Spaansk. Organisaasjes lykas Yvy Marãe'ỹ pleitsje tsjin dy trend.
  • Mei yngong fan 2019 wurde learlingen yn 'e provinsje Guangdong yn Sina straft as se har memmetaal Kantoneesk prate. [9] Iepenbiere teksten stimulearje minsken om de taal fan 'e sintrale oerheid Mandaryn te brûken mei de wurden: "Gebrûk beskaafde taal - Wês in beskaafd persoan.", [10] wat ymplisearret dat de pleatslike taal ûnbeskaafd is.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 El Ponce de León, referente en inclusión educativa y social.
  2. 1 2 3 The Handbook of Educational Linguistics.
  3. Indigenous Languages of South America. Oproppen op 23 augustus 201823 augustus 2018.
  4. 1 2 Davis, Kathryn A., Phyak, Prem , Engaged Language Policy and Practices. Taylor & Francis (2016), p. 19. ISBN 9781317442493.
  5. 1 2 Hinton, Leanne, Huss, Leena, Roche, Gerald , The Routledge Handbook of Language Revitalization. Routledge (2018). ISBN 9781317200857.
  6. MacAulay, Donald, The Celtic Languages. Cambridge University Press (1992), p. 141. ISBN 978-0521231275.
  7. On the subject of the Sardinian language in relation with the identity practices in Sardinia, see Mongili, Alessandro. Topologie postcoloniali. Innovazione e modernizzazione in Sardegna, Condaghes, 2015, chpts. 8, 9.
  8. Harrison, David K., When Languages Die. Oxford University Press (2008), 20–21. ISBN 978-0195372069.
  9. He Huifeng, "Meet the man fighting to keep Cantonese alive in its birthplace".
  10. Huifeng, He, "The activist fighting to keep Cantonese alive in its homeland".