Springe nei ynhâld

Maoarywilster

Ut Wikipedy
Maoarywilster

Charadrius obscurus obscurus
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaidûkelmantsjes (Anarhynchus)
soarte
Anarhynchus obscurus
Gmelin, 1789
IUCN-status: krityk

De Maoarywilster (Anarhynchus obscurus, synonimen Charadrius obscurus, Pluviorhynchus obscurus) is in fûgel út 'e famylje fan wilsterfûgels (Charadriidae). It is in tige bedrige fûgelsoarte, dy't allinnich yn Nij-Seelân foarkomt. BirdLife International behannelet de ûndersoarten aquilonius en obscurus as aparte soarten.

De 25 sm lange Maroarywilster hat in wite foarholle, wyteftige ûnderkant en in donkere streek ûnder it each mei dêrboppe in ljochte wynbraustreek. De snaffel is swart en relatyf foars, de poatsjes binne griis.

Súdlike Maoarywilster
Noardlike Maoarywilster

De Noardlike Maoarywilster is lytser en lichter (± 146 g) en yn it briedkleed ljochter oranje. Foarmet mar in pear moannen groepen.
De Súdlike Maoarywilster is grutter en swierder (± 160 - 180g) en yn it briedkleed donkerder oranje en in donkerder kop. Foarmet it grutste part fan it jier groepen.

De soarte is endemysk yn Nij-Seelân en wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:

  • De 'noardelike ûndersoarte of de Noardlike Maoarywilster (Anarhynchus obscurus aquilonius) is in fûgel fan 'e sânstrannen oan 'e eastlike kust fan North Cape oant Cape Kidnappers fan it Noardereilân, en ek oan 'e westlike kust fan New Plymouth oant Port Waikato.
  • De súdlike ûndersoarte of de Súdlike Maoarywilster (Anarhynchus obscurus obscurus) briedt allinnich noch op fjilden en iepen heuveltoppen op Stewarteilân.

Nêsten lizze yn in kûltsje yn it sân en de aaikes ha de kleur fan wiet sân. De twa oant trije aaikes wurde yn likernôch 28 dagen útbret. Se briede op sânbanken, strannen, skelpestrannen, yn dunen en by estuaria en mûningen fan rivieren. Sadree't de piken út it aai komme, rinne se op it strân om om sels iten te sykjen, dat bestiet út ynsekten, lytse fiskjes of krabkes. It duorret 6 oant 7 dagen foardat de piken fleane kinne. By't winter foarmet de soarte gruttere groepen.

De Maoarywilster hat in beheind ferspriedingsgebiet. De populaasje fan 'e Noardlike Maoarywilster wurdt troch it Nij-Seelânske Department of Conservation op teminsten 2500 folwoeksen fûgels rûsd en dy populaasje hat neffens BirdLife in positive trend. De populaasje fan 'e Súdlike Maoarywilster skommelet neffens BirdLife tusken 60 oant 80 fûgels en hat in negative trend, wylst it Nij-Seelânske Department of Conservation in oantal fan 101 fûgels (april 2024) neamd. Bedrigingen fan 'e soarte binne stoarmen, ferlies fan biotoop, predaasje troch katten, ynfierde bisten, seefûgels en fersteuring troch minsken. In Maoarywilster kin by geunstige omstannichheden 20 oant 25 jier âld wurde, mar de libbensferwachting is troch de swiere predaasje sakke nei minder as 5 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: