Springe nei ynhâld

Manusdwerchiisfûgel

Ut Wikipedy
Manusdwerchiisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaidwerchiisfûgels (Ceyx)
soarte
Ceyx dispar
Rothschild & Hartert, 1914
IUCN-status: (hast bedrige)

De Manusdwerchiisfûgel (Ceyx dispar) is in lyts fûgeltsje yn it skaai dwerchiisfûgels (Ceyx) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

De soarte waard earder as in ûndersoarte fan 'e Ceyx lepidus beskôge en guon dogge dat noch jimmeroan. Lykas in grut oantal oare soarten yn it gebiet wurdt de fûgel nei in yn 2013 publisearre genetyske stúdzje hjoed-de-dei as in aparte soarte behannele.

Tusken de oant 14 sm lange fûgel binne dúdlike ferskillen tusken mantsjes en wyfkes. De kop fan it mantsje is foar it grutste part blau, wylst de kop fan it wyfke meast oranje is. Se ha beide in oranje ûnderkant en in blauwe boppe kant mei in ljochtblauwe streek oer de rêch. Mantsjes en wyfkes ha beide in oranje snaffel en oranje poatsjes.

It mantsje fan 'e Manusdwerchiisfûgel liket in hiel soad op 'e New-Georgiadwerchiisfûgel, mar by dy soarte binne mantsjes en wyfkes lyk oan inoar. De Papoeadwerchiisfûgel hat in snaffel dy't hielendal donker is en de Nijbrittannyske dwerchiisfûgel hat in donkere boppesnaffel.

De fûgel is endemysk op it eilân Manus fan 'e Admiraliteitseilannen, noardlik fan it haadeilân Papoea Nij-Guineä.

De soarte wurdt neffens in rûzing op 2500 oant 5000 folwoeksen fûgels rûsd (2022). It eilân wurdt selden besocht troch ornitologen, sadat in efterútgong fan 'e soarte net is oantoand. Fanwegen it ferlies oan bosk op it eilând wurdt oannommen dat de populaasje stadichoan lytser wurdt. Dêrfandinne stiet de soarte op 'e Reade list fan 'e IUCN as hast bedrige (NT) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: