Springe nei ynhâld

Mantua

Ut Wikipedy
Mantua
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
regio Lombardije
provinsjeMantua
Sifers
Ynwennertal50.075 (31.07.2025)[1]
Oerflak63,81 km²
Befolkingsticht.784,75 ynw./km²
Hichte19 m
Oar
Postkoade46100
Koördinaten45°09' N 10°47' E
Offisjele webside
www.comune.mantova.it
Kaart
Mantua (Itaalje)
Mantua
Mantua en Sabbioneta
UNESCO-wrâlderfgoed
lânflagge fan Itaalje Itaalje
UNESCO-folchnûmer1287
kriteariaii, iii
ynskriuwing2008
UNESCO-wrâlderfgoedlist

Mantua (Italjaansk: Mantova) is in stêd yn it noarden fan Itaalje yn 'e regio Lombardije. It is de haadstêd fan 'e provinsje mei deselde namme. Tegearre mei Sabbioneta stiet de stêd op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

It sintrum wurdt fan trije kanten troch wetter omklamme; nammentlik troch de Lago Superiore, Lago di Mezzo en Lago Inferiore. De trije marren binne yn 'e 12e iuw foar de ferdigening fan 'e stêd oanlein en de rivier de Mincio fiert it wetter foar de marren oan. In fjirde opslachmar, de Lago Paiolo, dy't fan 'e stêd hast in eilân makke, bestiet net mear.

Op 27 oktober 2015 waard Mantua ta "Kultuerhaadstêd fan Itaalje 2016" útroppen.

Mantua waard troch Etrusken stifte, dy't it plak "Manthva" neamden. Fuort nei de Goatenoarloggen ferlearen de Byzantinen de gebieten hjir oan 'e Langobarden, dy't yn april 568 Itaalje binnenfoelen en oant 572 Pavia oermasteren. Yn 590 slaggen de Byzantinen der nochris yn om mei help fan Franken in pear stêden werom te feroverjen en dêrûnder wiene Altinum (no in ruïnestêd) en ek Mantua.

Yn it jier 804 waard it roomsk-katolike bisdom Mantua stifte. Yn 'e oanrin nei de ynvestituerstriid waard op Pinkster 1064 yn Mantua in synoade holden oer it skisma dat in skuorring feroarsake tusken it Dútske hôf en it pausdom. De synoade befêstige paus Aleksander II as de legitime paus en wiisde de oanspraken fan tsjinpaus Honoarius II ôf.

Mantua lei lei sûnt de 12e iuw as in eilân tusken keunstmjittige oanleine marren.

Sûnt 1328 hearske de aadlike famylje Gonzaga oer Mantua. Hja waarden yn 1362 troch de Hillich-Roomske keizers ta greven ferheft, yn 1433 ta markizen (Marchesi) en yn 1530 ta hearskers fan it Hartochdom Mantua. Yn 1536 joech keizer Karel V de Gonzaga as trouwe bûnsmaten ek it bewâld oer it wichtige merkgreefkip fan Montferrat, dat oan 'e faak omstriden grins tusken Frankryk en Itaalje lei. In skoftke lang wie dat ien fan 'e wichtichste foarstehûzen fan Itaalje en ûnder markys Frâns II (Francesco II, † 1519), syn frou Isabella d'Este († 1538) en harren soan Federico († 1540) bloeide de keunst yn 'e stêd as nea tefoarren.

Troch it útstjerren fan it Mantuaanske laach fan 'e Gonazaga-famylje yn 1627 ûnstie der spul oer de erfopfolging fan it strategysk wichtige hartochdom, dy't tusken Frankryk en de Habsburgers útfochten waard. Dêrmei kaam in ein oan 'e ekonomyske en kulturele bloeitiid fan it hartochdom. Yn 1631 waard de Habsburchske keizer twongen om de Frânske kandidaten foar opfolging, de hartoggen fan Gonzaga-Nevers, te erkennen as de nije hearskers fan Mantua. Om't dy hartoggen fan 1701 ôf wer de kant fan Frankryk keazen hiene tsjin Eastenryk yn 'e Spaanske Súksesjeoarloch, sette de keizer harren yn 1708 ôf; Mantua wie sûnt dy tiid in direkt ûnderdiel fan it Habsburchske Ryk.

Yn 'e Napoleontyske Oarloggen waard der om 'e stêd, dy't sûnt 1745 ta it Habsburchske Hartochdom Milaan hearde, ferskate kearen fochten. Napoleon naam nei in moannenlang belis Mantua begjin 1797 yn, mar ferlear de stêd wer yn 1799. Tusken 1805 oant 1814 stie Mantua wer ûnder Frânsk bewâld. Yn 1810 liet Napoleon Andreas Hofer, de lieder fan 'e Tiroalske opstân, yn 'e sitadel oan 'e oare kant fan 'e Mincio eksekutearje.

Eastenrykske fêstingswurken fan Mantua.

Yn 1814 waard Mantua wer Eastenryksk en nei de Eastenryksk-Prusyske Kriich yn 1866 ûnderdiel fan Itaalje. Under Eastenryksk bewâld wie de stêd ûnderdiel fan 'e Quadrilatero, de yn in fjouwerhoekich gebiet oanleine fêstingswurken, dy't yn 1815 yn 'e stêden Peschiera Mantua, Legnago en Verona oanlein waarden om de Eastenrykske besittings yn Itaalje te ferdigenjen.

Op 29 maaie 2012 waard Noard-Itaalje troffen troch in swiere ierdskodding mei in krêft fan 5,8 op 'e skaal fan Richter. Mantua waard benammen troffen, ynklusyf it Palazzo Ducale en de tuorren fan it stedhûs yn it Palazzo della Ragione. It episintrum fan 'e ierdskodding lei yn Medolla, likernôch 60 km fierderop.

Yn 2008 waard de histoaryske binnenstêd fan Mantua tegearre mei dy fan Sabbioneta op 'e UNESCO-list fan it wrâlderfgoed set.

Palazzo Ducale.
  • It Palazzo Ducale is in grut bakstiennen gebou mei mear as 500 romten. De bekendste keunstwurken binne Mantegna's fresko's yn 'e Camera degli Sposi yn it dêrby hearrende Castello di San Giorgio.
  • De domtsjerke fan Mantua is in fiifskippige basilyk en giet werom op in ierkristlike tsjerke út de midsiuwen. De tsjerke waard fan binnen nei 1540 ferboud en de gevel datearret fan 1756-1761. De romaanske klokketoer bleau by de feroaringen sparre.
  • It Palazzo della Ragione oan 'e súdeastkant fan it Piazza delle Erbe tsjinne as riedshûs en merkhal. Njonken it gebou stiet de Torre dell'orologio (klokketoer).
Domtsjerke.
  • De Basilika Sant'Andrea fan Leon Battista Alberti (1470) heart ta ien fan 'e hichtepunten fan 'e Italjaanske renêssânse.
  • De San Sebastiano is in renêssânsetsjerke fan Leon Battista Alberti.
  • De Rotonda di San Lorenzo is in rûne romaanske tsjerke op antike fûneminten. Nei alle gedachten is de tsjerke stifte troch merkgrevinne Mathilde fan Toskane.
  • It Palazzo del Te waard tusken 1525 en 1535 troch Giulio Romano boud.
  • It Teatro Bibiena (ek Teatro Scientifico) waard yn 'e jierren 1767–1769 troch Antonio Galli da Bibiena boud
  • Museo Diocesano Francesco Gonzaga (mei in soad tsjerklike keunst)

Patroanhillige fan 'e stêd is Anselmus fan Lucca.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: