Springe nei ynhâld

Mantsjoerijske woffer

Ut Wikipedy
Mantsjoerijske woffer

Wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaireiddompen (Botaurus)
soarte
Botaurus eurhythmus
Swinhoe, 1873
IUCN-status: hast bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     wintergast

De Mantsjoerijske woffer (Botaurus eurhythmus, synonym: Ixobrychus eurhythmus) is in Aziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e reagerfûgels.

De Mantsjoerijske woffer is in lytse reager fan sa'n 33 oant 39 sm lang. Yn it briedkleed hat it mantsje in opfallende kastanjebrune rêch en nekke, wylst it wyfke mear donkerbrún oant rustbrún is mei minder kleurkontrast. Beide seksen ha in ljochtere búk. Yn it winterkleed wurde de kleuren wat doffer en minder kontrastryk; de kastanjebrune toanen by it mantsje kinne minder sterk útkomme.

De snaffel is giel oant gielgrien en de poaten binne ek giel. Jongfûgels hawwe in bûnt brunich fearrekleed, dat de fûgels yn it reid in goede kamûflaazje biedt. Der is ek bûten it briedkleed seksuëel dimorfisme: it mantsje is faak wat sterker kleure as it wyfke.

De Mantsjoerijske woffer briedt yn it easten fan Sina, it súdeasten fan Sibearje, it noarden fan Koreä en yn Japan. De oerwinteringsgebieten lizze yn it suden fan Sina en yn Tailân, Maleizje, Yndoneezje en op 'e Filipinen. Se komme fral foar yn 'e reidseames en tusken begroeiïng fan wiete gebieten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nêst.

De fûgel is ier yn 'e moarn en by skimerjûn aktyf. Hy foerazjearret op lytse fisken, kikkerts, kreeften en ynsekten. It nêst wurdt yn it tichte reid op, of tichte by de grûn boud. De trije oant seis aaien wurde yn 16 oant 18 dagen útbret.

Yn it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte ferdwine reid- en wiete gebieten jimmeroan faker om romte te meitsjen foar lânbou en stêdebou. De fûgel is yn guon regio's noch wol te finen, mar net yn grutte oantallen. Se binne net algemien en de fûgel wurdt troch de IUCN as hast bedrige (NT) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: