Springe nei ynhâld

Manhattan Transfer (roman)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Manhattan Transfer (boek))
Dizze side giet oer 'de roman Mahattan Transfer'. Foar oare betsjuttings, sjoch: Manhattan Transfer.
Omslach fan 'e earste edysje
John Dos Passos

Manhattan Transfer (Ingelsk) is in roman fan de skriuwer John Dos Passos út de Feriene Steaten, útbrocht yn 1925. It boek is lykwols nea oerset yn it Frysk. De titel fan it boek ferwiist nei in treinstasjon yn Harrison, New Jersey, en de wize wêrop't Manhattan sels feroarje moast.

It wurdt beskôge as ien fan Dos Pasus syn belangrykste wurken. It boek falt it konsumentisme en de sosjale ûnferskilligens fan it hjoeddeiske stedslibben oan en sketst in Manhattan dat sûnder genede is, mar dochs tilt fan enerzjy en rusteleazens.
It boek lit in oantal fan Dos Passos' eksperimintele skriuwtechniken en ferhaalkollaazjes sjen dy't mear útsprutsen wurde soene yn syn U.S.A. trilogy en oare lettere wurken. De technyk yn Manhattan Transfer is foar in part ynspirearre troch James Joyce syn Ulysses en T.S. Eliot's The Waste Land (beide út 1922), en is faak te fergelykjen mei de eksperiminten mei filmkollaazje fan Sovjet-regisseur Sergei Eisenstein.

It boek folget ferskate figuren fan de jierren 1890 oant ein jierren 1920, mar it wichtichste yn it boek is de stêd Manhattan sels. De ferhalen wurde op in fragmintaryske, kontrastearjende wize presintearre, wêrby't se faak neist elkoar set wurde om nije betsjuttings nei foaren te bringen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: