Mangareva-iisfûgel
| Mangareva-iisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Todiramphus gambieri | ||||||||||||
| Oustalet, 1895 | ||||||||||||
De Mangareva-iisfûgel (Todiramphus gambieri) wie in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De fûgel is útstoarn en wie endemysk op it eilân Mangareva fan 'e Tuamotu-eilannen (Frânsk-Polyneezje).
De Mangareva-iisfûgel wie earder yn twa ûndersoarten ferdield. Ien ûndersoarte libbet op it eilân Niau en de oare wie earder lânseigen op it eilân Mangareva. De nominaatfoarm Todiramphus gambieri gambieri fan Mangareva is nei alle gedachten al foar 1922 útstoarn.
De ûndersoarte Todiramphus gambieri niauensis op it eilân Niau hie yn 1974 noch in populaasje fan 400 oant 600 fûgels. Yn 1990 wie de fûgel noch frij algemien, mar dêrnei namen de oantallen ôf oant der yn 2003-2004 noch mar 30 oant 50 fûgels wiene. By in ekspedysje yn 2006-2007 waarden mear as 200 fûgels teld. De belangrykste redenen foar it tebekrinnen fan 'e soarte binne ratten, de ferneatiging fan nêsten troch houtkap en tropyske stoarmen.
Hjoed-de-dei wurdt se faak as twa aparte soarten behannele, al binne der ek autoriteiten dy't se noch jimmeroan as ûndersoarten bekôgje.