Mangaia-iisfûgel
| Mangaia-iisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Todiramphus ruficollaris | ||||||||||||
| Holyoak, 1974 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Mangaia-iisfûgel (Todiramphus ruficollaris) is in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Mangaia-iisfûgel is 22 sm lang en hat in grutte kop en lange swarte snaffel. Lykas oare soarten yn it skaai hat de Mangaia-iisfûgel blaugriene boppedielen. Fierder hat er in gieloranje kraach, in blaugriene kroan mei oer it each nei de nekke in feale, gieloranje bân. It boarst en de búk binne wyt. De poatsjes binne donker.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op Mangaia, it súdlikste eilân fan 'e Cookeilannen. Se komme yn subtropysk en tropysk bosk en plantaazjes foar oant maksimaal in hichte fan 1300 m.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mangaia-iisfûgels ite ynsekten, larven, spinnen en hagedissen. It nêst wurdt yn beamholtes fan kokosnútbeammen en de Barringtonia asiatica boud en in lechsel bestiet út 2 oant 3 aaikes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Earder naam de soarte ôf troch de tylt fan ananas op it eilân. Nei't dy sektor yn 'e jierren 1980 ynstoarte, waarden de ananasplantaazjes op 'e fulkanyske heuvels ferfongen troch plantaazjebosk. It lân fan 'e ananasplantaazjes yn it leechlân ferwyldere en waard sekundêr bosk. De fûgel profitearre dêrfan en oannommen wurdt dat de populaasje no stabyl of sels grutter wurdt. In rûzing út 2022 hâldt it oantal fûgels fan 'e soarte op 2.700 eksimplaren. De status fan 'e fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN is dêrfandinne net bedrige (LC, 2024).
De yntrodusearre treurmaina (Acridotheres tristis), dy't yn doarpen en sekundêr bosk foarkomt, konkurrearret mei de Mangaia-iisfûgel om it iten en falt briedende fûgels lestich. Ek de katten en ratten op it eilân foarmje in bedriging foar de soarte.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
