Karibyske lamantyn

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Manaty")
Gean nei: navigaasje, sykje
Karibyske lamantyn
FL fig04.jpg
taksonomy
Klasse: Sûchdieren (Mammalia)
Skift: Seekij (Sirenia)
Famylje: Lamantinen (Trichechidae)
soarte
'Trichechus manatus'

De Karibyske lamantyn of ek wol manaty of manatee (Trichechus manatus) is ien fan de trije soarten út it skaai fan de Lamantinen.

Wengebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Karibyske lamantyn libbet yn ûndjip wetter oan de kusten fan de Kariben. Om't er graach wat omdoarmje mei wurdt er ek wol op rivieren fûn wurdt; yn Súd-Amearika is in Karibyske lamantyn in kear 800 km fan de kust it lân yn fûn. Mar oarsom is der ek wolris ien 15 km fan de kust yn iepen see oantroffen. De dieren gean ek wol de Atlantyske kust lâns nei it noarden.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Karibyske lamantyn yt it meast wetterplanten sa as Ielgers. Alle dagen yt in Karibyske lamantyn likernôch in fearnsdiel fan syn gewicht. Grutte folwoeksen eksimplaren kinne hast sa'n 100 kg deis ite.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Karibyske lamantyn is in solitêr bist. Allinnich tusken de ko en harren keal is in bân. In Karibyske lamantyn-ko hat draachtiid fan 12 moannen. Sy krijt dan ien keal dat 2 jier troch har fersoarge wurdt. Nei sa'n 3-4 jier binne de wyfkes geslachtsryp, de mantsjes efkes letter. In Karibyske lamantyn kin oer de 50 jier âld wurde.

Bedrigings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de 16e iuw wurdt op de Karibyske lamantyn jage foar oalje en fleis. Hjoed de dei is de Karibyske lamantyn oeral beskerme mar rint er hieltyd noch yn tal werom. Hoewol de Karibyske lamantyn gjin natuerlike fijânen hat, wurdt in part fan syn libbensgebiet troch de minsken ynnommen. Ek wurde in grut tal dieren troch propellers fan bûtenboardmotoaren ferwûne en komme Karibyske lamantinen by it gerskjen yn fiskark (heaken en netten ensf.) telâne.

Floaridamanaty[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst it grutste part fan de Karibyske lamantinen no oan de noardeastekust fan Súd-Amearika libbet, is der ek in popúlaasje fan likernôch 3.000 Karibyske lamantinen dy't oan de kust fan Floarida libje. Dizze populaasje wurdt meast sjoen as in ûndersoarte, de Floaridamanaty (Trichechus manatus latirostris), njonken de Karibyske manaty (Trichechus manatus manatus). Troch de maatregels foar it behâld dy't de FSA naam hawwe, is der in stadige waakst by dizze populaasje.

Chessie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1994 waard in Karibyske lamantyn fûn dy't de Chesapeakebaai ynswommen wie. Doe't it yn oktober dêr te kâld waard, waard "Chessie" fongen en troch de kustwacht werombrocht nei Florida. Om't er ek in stjoerder meikrige, koe it mantsje presys folge wurde doe't er yn 1995 wêr nei it noarden gong. Dat jier gong er fan de Chesapeakebaai fierder oant Rhode Island yn it noardeasten fan de Feriene Steaten ear't er mei it kâlder wurden wer nei it súden gong. Om't er yn 1996 de stjoerder ferlern hie koe syn tocht dat jier net presys folge wurde. Hy waard lykwols op de weromreis sjoen yn Portsmouth (Firginia), dat hy moat ek dat jier yn de Chesapeakebaai west hawwe. Yn 2001 kaam er wer yn it nijs doe't er wer nei Firginia kaam wie en sjoen waard doe't er troch de Great Bridge slûs gong.

Migraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut fierder ûndersyk docht bliken dat it mear bart dat Karibyske lamantinen alle jierren migrearje tusken in wintergebiet en in simmergebiet. Der is in teory dat dit earder it gewoane gedrach fan de dieren west hat. Dat koe dan ek de ferklearing wêze fan de ferhalen oer in seemeunster "Chessie" yn de Chesapeakbaai, dêr't de reisgrage Karibyske lamantyn nei neamd wie.