Springe nei ynhâld

Maltezer kat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Maltezer (kat))
In Maltezer kat fan it ras Britske koarthier.

In Maltezer kat, in Malteeske kat of koartwei in Maltezer is in kat (Felis catus) mei in pels dy't hielendal of foar it grutste part effen griis is. Yn 'e kattefokkerij wurdt yn dit ferbân ynstee fan griis faak fan 'blau' sprutsen, ek giet it dúdlik om griis. 'Maltezer' is dus de oantsjutting foar de kleurfariant en net de namme fan in katteras.

Der besteane oanwizings dat der op Malta yn in skier ferline in katteras bestien hat dat in grize kleur hie; it wurdt oannommen dat dat de oarsprong fan 'e term is. Tsjintwurdich kinne Maltezer katten feitliks ta ferskate katterassen hearre. Trije dêrfan, de Russyske blauwe, de chartreux en de korat, komme allinnich mar foar as Maltezers. Guon oare rassen, lykas de Britske koarthier, kinne as Maltezers foarkomme, mar kinne ek oare kleuren hawwe.

Maltezer katten komme mar selden foar bûten de raskattefokkerij om, want foar in effen grize kleur is ferlet fan twa pear dûbel-resessive genen. Dêrfan soarget ien foar in effen kleur en de oare foar de grize kleur. Dat betsjut dat de pearing fan in Maltezer boarre mei in Maltezer poes altyd Maltezer jongkatsjes produsearje, mar ek dat de pearing fan in Maltezer kat mei in kat dy't net Maltezer is altyd oarskleurige jongkatsjes opsmyt, om't oare foarmen fan dy genen dominant binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.