Malpaso Productions

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Malpaso Company)
Malpaso Productions
algemien
hist. namme Malpaso Company
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor filmstudio
haadkertier Burbank (Kalifornje)
oprjochte 1967
oprjochter Clint Eastwood,
Irving Leonard
eigner Clint Eastwood
offisjele webside
gjin offisjele webside

Malpaso Productions, oant 1988 de Malpaso Company, is in Amerikaanske filmstudio dy't eigendom is fan 'e ferneamde akteur Clint Eastwood. It bedriuw waard yn 1967 oprjochte, en is ferneand nei in beek op Eastwood syn lân, de Malpaso Creek.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme 'Malpaso' komt fan 'e Malpaso Creek, in beek dy't oer de 115 ha lân streamt dy't akteur Clint Eastwood yn 1967 oankocht besuden syn wenplak Carmel-by-the-Sea, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Eastwood fûn 'Malpaso' (Spaansk foar "misstap") in moaie iroanyske namme foar syn earste ûndernimming.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er oan ferskate grutte Hollywood-produksjes meiwurke hie, begûn akteur Clint Eastwood argewaasje te krijen oer it fergriemen fan jild dat yn syn eagen by sokke produksjes healwize foarmen oannaam. Om sawol de kreätive as finansjele kontrôle nei him ta te lûken oer films dêr't er yn spile, besleat er in eigen filmstudio te begjinnen. Dat waard de Malpaso Company, dy't yn 1967 oprjochte waard troch Eastwood en syn finansjeel adviseur Irving Leonard, mei it salaris dat Eastwood fertsjinne hie mei syn aktearjen yn 'e Dollars-trilogy fan regisseur Sergio Leone.

Leonard wie neitiid de algemien direkteur fan 'e Malpaso Company oant syn hommels ferstjerren yn desimber 1969. Yn 1988 waard de Malpaso Company omneamd ta Malpaso Productions. Yn 't earstoan makke Malpaso inkeld films dêr't Eastwood sels yn spile, mar letter wiene der ek geregeldwei produksjes dêr't Eastwood allinnich efter de skermen by belutsen wie, as regisseur en/of filmprodusint. Frijwol alle films fan Malpaso wiene ko-produksjes mei oare (gruttere) filmstudio's. Eastwood stiet bekend om tige strakke opnameskema's, wêrmei't er syn films binnen de stelde tiid en binnen it beskikbere budget ôfmakket.

Produksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e opsomming hjirûnder binne films dêr't Clint Eastwood sels de haadrol yn spile, markearre mei in asterisk (*).

as de Malpaso Company


as Malpaso Productions


Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.