Springe nei ynhâld

Maleiske dwerchspjocht

Ut Wikipedy
Maleiske dwerchspjocht
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftspjochteftigen (Piciformes)
famyljeSpjochten (Picidae)
skaaiSúdaziatyske dwerchspjochten (Sasia)
soarte
Sasia abnormis
Temminck, 1825
IUCN-status: net bedrige

De Maleiske dwerchspjocht (Sasia abnormis) is in fûgel út de famylje spjochten (Picidae).

De Maleiske dwerchspjocht is in tige lytse spjocht fan mar 8 oant 9,5 sm. De soarte hat mar in hiel koart sturtsje en in kompakt bealchje mei ûnder in oranjeread en boppe in olivegrien fearrekleed. De soarte roffelet ferrassend lûd foar sa'n lyts fûgeltsje. De Maleiske dwerchspjocht hat in soad fan 'e wynbraudwerchspjocht, mar mist de wite wynbrau.

De soarte komt foar yn Maleizje en de Grutte Sûnda-eilannen en wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:

  • S. a. abnormis: Maleizje en fan Sumatra oant Borneo.
  • S. a. magnirostris: Nias (noardwestlik fan Sumatra).

De fûgel komt foar yn tichte jonge bosken fan leechlângebieten oant de legere bergen, faak yn bamboebosk. Hy libbet fral yn leechlizzende fegetaasje, selden yn hegere begroeiïng.

Der bestiet gjin rûzing fan 'e populaasje mar de fûgel soe algemien foarkomme. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: