Maleiske boskiisfûgel
| Maleiske boskiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Actenoides concretus | ||||||||||||
| Temminck, 1825 | ||||||||||||
| IUCN-status: gefoelich | ||||||||||||
De Maleiske boskiisfûgel (Actenoides concretus) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat felle kleuren en is dreech waar te nimmen yn it bosk. Mantsjes binne helderblau fan boppe en oranje fan ûnder en ha in griene kroan. By it wyfke is it blau fan it mantsje grien mei krêmkleurige pjukkels. Oer it gesicht sitte brede swarte, blauwe en oranje streken. It lûd fan 'e fûgel is in moai, mar oanhâldend fluitsinjaal.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt yn Maleizje, Sumatra en Borneo foar en wurdt yn trije ûndersoarten ferdield.
- Actenoides concretus concretus : súdlik Birma, it skiereilân Malakka, Sumatra, Banka, Belitung.
- Actenoides concretus peristephes: Birma, Tailân
- Actenoides concretus borneanus : Borneo.
It biotoop bestiet út bosken mei in sletten blêdedak oant in hichte fan 1200 m.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt as hast bedrige kategorisearre. Bosken ferdwine yn it ferspriedingsgebiet yn heech tempo. Dat betsjut dat de populaasje, dy't neffens rûzing út minder as 10.000 folwoeksen bestiet, jimmeroan lytser wurdt. De fûgel liket yn steat om him oan te passen oan degradearre bosk en wykt ek út nei bosk yn hegerlizzende gebieten, dêr't de bosken net bedrige wurde. Dêrfandinne wurdt de fûgel noch net as bedrige klassifisearre, mar as gefoelich (2022).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
