Maleiske blaubâniisfûgel
| Maleiske blaubâniisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Alcedo peninsulae | ||||||||||||
| Laubmann, 1941 | ||||||||||||
| IUCN-status: gefoelich (hast bedrige) | ||||||||||||
De Maleiske blaubâniisfûgel (Alcedo peninsulae) is in seldsume fûgel fan it skaai echte iisfûgels (Alcedo semitorquata) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iisfûgel is 17 sm lang en weaget 38 oant 49 gram, it mantsje is trochstrings wat swierder as it wyfke. De fûgel hat in swarte kroan en donkere fearren mei blauwe einen op 'e nekke en wangen. De rêch en mantel binne donkerblau en de stút is ljochtblau mei in sulvereftige glâns. De slachpinnen en de sturt binne donkerblau. It mantsje hat in blauwe boarstbân, dy't wat fealer is as dy fan 'e Javaanske blaubâniisfûgel (A. euryzonia); dy bân hat wite pjukkels. It wyfke is kastanjebrún op it boarst en búk en is wat doffer fan kleur.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet leit fan Súd-Birma oer Tailân en Maleizje, Brûnei, Borneo en Sumatra. Oer it generaal is it net in algemiene soarte, alhoewol't it skouwe hâlden en dragen fan 'e fûgel dat wat ûnderskat. Yn Birma is de fûgel seldsum en yn Tailân en op Sumatra wurdt de fûgel ek net in soad waarnommen. Lokaal komt de fûgel relatyf algemien foar yn Maleizje en Borneo.
De fûgel is in stânfûgel, dy't op in rotseftige omjouwing oan beken en gruttere rivieren by grienbliuwende bosken libbet. It meast is de fûgel te sjen op leechlân, mar somtiden ek op hichten oant 850 m (Maleizje) en 1.500 m (Borneo). De fûgel wurdt ek yn mangroves oantroffen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oannommen wurdt dat de soarte troch it ferlies fan biotoop yn it hiele ferspriedingsgebiet efterút giet. Yn 2022 waard it ferlies fan bosk yn it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel yn 'e tsien jier foar dat jier op 20 oant 23% rûsd. Der is gjin oanlieding oan te nimmen dat dêr yn 'e oankommende tiid in ein oan komt. De Maleiske blaubâniisfûgel is ôfhinklik fan dy bosken en dêrom wurdt der fanút gien dat de populaasjeôfname like grut is as it ferlies oan bosk. Dêrnjonken binne der ek bedrigen lykas fersmoarging fan rivieren en fragmintaasje fan bosk. Dêrfandinne stiet de soarte op 'e Reade list fan 'e IUCN as gefoelich (hast bedrige) klassifisearre (2022).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
