Springe nei ynhâld

Maleiske bijefretter

Ut Wikipedy
Maleiske bijefretter
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljebijefretterfûgels (Meropidae)
skaaibijefretters (Merops)
soarte
Merops viridis
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel

Maleiske bijefretters (Merops viridis) foarmje in fûgelsoarte fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae).

De fûgel wurdt hjoed-de-dei as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat de fûgel net yn ûndersoarten ferdield is. Earder wie de Filipynske bijefretter (Merops americanus) in ûndersoarte fan 'e Maleiske bijefretter, mar dy wurdt tsjintwurdich meastentiids as in aparte soarte ûnderskieden.

Maleiske bijefretter.

Folwoeksen fûgels wurde likernôch 21 sm lang, eksklusyf de 9 sm lange sintrale sturtfearren, en se weage 34 oant 41 gram. De fûgel hat in reade kroan en nekke, donkergriene wjukken, in ljochtgrien boarst, in grienwite búk en in blauwe kiel. Jonge fûgels binne ynearsten foar it grutste part grien en krije letter ek de oare kleuren; de kop en de wjukken binne donkergrien en it boarst is ljochtgrien. Sawol de folwoeksen fûgels as de jonge fûgels ha in swarte eachstreek. It each ferskilt tusken read en brún of in kombinaasje.

De soarte hat in grutte fersprieding fan súdeastlik Sina oant de Grutte Sûnda-eilannen. De grutste konsintraasjes wurde yn Singapoer, Maleizje, súdlik Kambodja en súdlik Tailân oantroffen. Oare lokaasjes mei hege konsintraasjes libje op Borneo en Java. Se libje yn leechlân oant maksimaal 670 meter boppe seenivo en harren habitat bestiet út in grut ferskaat oan flakke gebieten, lykas lânbougrûn, tunen, rivieriggen, dunen en sânige iepen plakken. Winterdeis migrearje guon fûgels nei de hegere bosklagen, sâltwetterkanalen en mangrovebosken. Se grave faak horisontale tunnels yn flakke grûn, wêrtroch't se makliker tagonklik binne yn ferlikening mei tunnels yn sânkliffen fan oare bijefretters. De koloanjes binne fan 50 oant 200 pearkes grut.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: