Malachytiisfûgel
Malachytiisfûgel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Corythornis leucogaster | ||||||||||||
Pallas, 1764 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Malachytiisfûgel (Corythornis cristatus; synonym: Alcedo cristata) is in iisfûgelsoarte út Afrika.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Malachyiisfûgels wurde trochstrings 13 sm lang en weagje 12 oant 19 gram. Op 'e kroan sitte lange, grienblau mei swarte fearkes, dy't in túfke foarmje. Under it each oant op it boarst is de iisfûgel oranje oant readbrún. Op it kin is in wyt plakje en ek op 'e nekke sit in wyt plak. It bealchje is boppe glânzgjend ultramarynblau. Folwoeksen fûgels ha reade poaten en in reade snaffel. Juvenilen binne doffer en ha in donkere snaffel en poaten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet yn in grut part fan Afrika súd fan 'e Sahara oant in hichte fan 3000 m. It biotoop bestiet út in grut oantal lânskippen mei ryklik begroeid wetter, lykas sompen, dobben, beken, rivieren en mûningen fan rivieren, mangroves en oare wettergebieten mei genôch begroeiïng.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde fiif ûndersoarten erkend:
- C. c. galeritus: (Senegal oant East-Afrika en fierder oant Noard-Angoala en Malawy)
- C. c. nais: (Prinsipe)
- C. c. thomensis: (Sao Tomee)
- C. c. cristatus: Súd-Angoala oant Súd-Mozambyk en it easten fan Súd-Afrika)
- C. c. stuartkeithi: (Sûdan en Etioopje)
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel jaget op wetterdierkes lykas kreefteftigen, kikkerts, lytse fisken, wetterynsekten en larven fan libellen. Ek wurdt der op imerkes en hagedissen jage.
Yn 'e briedtiid siket de fûgel steile iggen oan wetterkanten op, dêr't it nêst boud wurdt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne gjin rûzings oer de grutte fan 'e populaasje fan 'e soarte. Se ha in grut ferspriedingsgebiet en binne net seldsum. Der bestiet ek gjin oanlieding om te tinken dat de soarte tebekrint yn oantal. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Afrikaanske iisfûgel
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Uganda