Springe nei ynhâld

Makiradwerchiisfûgel

Ut Wikipedy
Makiradwerchiisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaidwerchiisfûgels (Ceyx)
soarte
Ceyx gentianus
Tristram, 1879
IUCN-status: (net bedrige)

De Makiradwerchiisfugel (Ceyx gentianus) is in lyts fûgeltsje yn it skaai dwerchiisfûgels (Ceyx) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De fûgel komt op 'e Filipinen foar.

De soarte wie earder ien fan it grutte oantal ûndersoarten fan 'e (Ceyx lepidus of Alcedo lepidus). In molekulêre fylogenetyske stúdzje yn 2013 toande oan dat der tusken de measte ûndersoarten grutte ûnderlinge genetyske ferskillen bestienen. Dêrfandinne binne dy ûndersoarten ôfsplitst om der in aparte soarte fan te meitsjen. Dêrûnder foel ek de Makiradwerchiisfugel. Tagelyk krige de Ceyx lepidus de namme Molukske dwerchiisfûgel.

Holotype fan Ceyx gentiana (World Museum, Liverpool).

It is in lyts iisfûgeltsje mei in djip pearsblauwe boppekant en in sniewyt ûnderbealchje, in wyt plakje by de boppesnaffel en efter it ear en feloranje poatsjes. De snaffel is swart.

De fûgel is endemysk op it eilân Makira, ien fan 'e Salomonseilannen. Se libje yn primêr bosk leech by de grûn en net perfoarst by wetter.

In rûzing út 2017 giet út fan in populaasje fan 10.000 oant 30.000 fûgels. Der is gjin sprake fan earnstige bedrigingen of biotoopferlies en de soarte kin him relatyf goed oanpasse oan degradearre biotoop. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. De IUCN klassifisearre de fûgel op 'e Reade list as net bedrige (2017).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: