Makateafruchtdo
| Makateafruchtdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ptilinopus chalcurus | ||||||||||||
| G.R. Gray, 1860 | ||||||||||||
| IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Makateafruchtdo of Makateajufferdo (wittenskiplike namme: Ptilinopus chalcurus) is in fûgel út it skift fan 'e do-eftigen (Columbiformes), de famylje fan 'e dofûgels (Columbidae) en it skaai fan 'e fruchtdowen of jufferdowen (Ptilinopus). Dit bist is endemysk op it eilân Makatea yn Frânsk-Polyneezje. De Makateafruchtdo tart op in omnivoar dieet en libbet yn it tropysk reinwâld. Dizze fûgel hat in fierhinne grien fearrekleed. Der is noch net folle ûndersyk nei de Makateafruchtdo dien, dat oer de libbenswize is net safolle bekend. De IUCN klassifisearret dizze fûgel as kwetsber, wat it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Makateafruchtdo is endemysk op it eilân Makatea yn 'e noardwestlike Tûamotû-eilannen, dy't bestjoerlik ta Frânsk-Polyneezje hearre.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Makateafruchtdo hat trochinoar in totale lichemslingte fan 20–23 sm, hoewol't de fearren fan 'e sturt dêr 8,3–9,8 sm fan útmeitsje. De spanwiidte is 12,8–14,0 sm. It gewicht bedraacht likernôch 85 g. De dûnkergiele snaffel bûcht licht nei ûnderen ta en hat in lingte fan 1,1–1,3 sm.
It fearrekleed is foar it meastepart grien. De kop, de kiel, de nekke, de rêch en it boarst binne bleek grien kleure, mei spjalten boarstfearren dy't yn dat gebiet dûnkere streekjes skaad kreëarje. De wjukken en de sturt binne dûnkergrien, wylst op 'e bealch it bleke grien fan it boarst oergiet yn sjartreuze oant ljochtgiel. Opmerklik is it fel pearse topke fearren op 'e foarholle, tusken de eagen yn, as draacht de fûgel in mûtske dat swierich nei foarren ta skood is.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Makateafruchtdo is in fûgel dy't sawol yn it tropysk reinwâld foarkomt as yn mear iepen bosklân. Hy weaget him ek wol yn 'e delsettings op it eilân.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it hâlden en dragen fan 'e Makateafruchtdo is mar in hiel lyts bytsje bekend. De fûgel wurdt ornaris allinnich of yn pearkes waarnommen en mar hiel selden yn gruttere groepen.
De peartiid falt foar de Makateafruchtdo fan oktober oant en mei febrewaris, wannear't it op Makatea de reintiid is. Dêrby lokje de dofferts wyfkes troch lûd te roekoejen en de boarstfearren op te setten. Nei de pearing bout it wyfke fan blêden en twigen yn 'e tichte fegetaasje fan it tropysk reinwâld in nêst.
De doffert helpt by it bebrieden fan it lechsel, dat ornaris út 1–2 aaien bestiet. De briedtiid duorret 14–18 dagen. De piken binne nêstbliuwers, dy't keal en helpleas út it aai komme en de earste 15–20 dagen foar harren oerlibjen folslein ôfhinklik binne fan fersoarging troch de âlden. Dêrnei wurde se wat langer wat flugger ûnôfhinklik, mar se bliuwe noch in goed moanne by de âlden.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It dieet fan 'e Makateafruchtdo bestiet út sieden en fierders út fruchten, û.o. fan 'e ylang-ylang (Cananga odorata) en de Oseänyske wjirchfiich (Ficus prolixa), en teffens út ynsekten.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Makateafruchtdo hat op Makatea gjin natuerlike fijannen útsein de minske.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Makateafruchtdo hat de IUCN-status fan "kwetsber" (it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid), om't it hiele ferspriedingsgebiet mar út ien inkeld eilân bestiet, mei in oerflak fan net mear as 24 km². Fan 1917 oant 1964 waard op Makatea gâns oan fosfaatmynbou dien, wêrby't mineralisearre gûano (fûgeldong) wûn waard om yn 'e Westerske wrâld as keunstdong brûkt te wurden. In grut part fan it eilân waard dêrfoar ûntboske en it binnenlânske plato sit noch altyd foar gatten mei in diameter fan 21/2 m en in djipte fan 15 m. Sûnt 1964 is in grut diel fan it ferrinnewearre miljeu út himsels bekommen troch natuerlik oangroei fan it reinwâld. De Makateafruchtdo, dy't slim te lijen hie ûnder habitatferneatiging, is ûnderwilens ek wer fierhinne by de wâl opklaud, en hy hat him goed witten oan te passen oan wat de minske mei syn wengebiet útheefd hat. Mar it bliuwt in isolearre soarte op in lyts eilân.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Makateafruchtdo is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten besteane.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Literatur, op dizze side.
|

