Makatea
| Makatea | ||
| De ferfallen haven fan Temao. | ||
| emblemen | ||
| polityk en geografy | ||
| soarte gebiet | eilân | |
| lân | ||
| oerseeske kollekt. | ||
| bestj. ûnderferdieling | ||
| gemeente | ||
| haadplak | Moumu | |
| grutste plak | Moumu | |
| heechste berch | Pu‘utiare | |
| arsjipel | Pallisereilannen | |
| sifers | ||
| ynwennertal | 95 (2022) | |
| oerflak | 24 km² | |
| befolkingstichtens | 4 / km² | |
| heechste punt | 110 m | |
| oar | ||
| tiidsône | UTC –10.00 | |
| simmertiid | gjint | |
| koördinaten | 15°51′ S 148°15′ W | |
| kaart | ||
De lizzing fan Makatea yn Frânsk-Polyneezje.
| ||
Makatea (Frânsk, Tahitiaansk en Tûamotûaansk: Makatea), ek bekend as Mangaia-te-vai-tamāe, is in atol yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. It heart ta de Tûamotû-eilannen, in arsjipel dy't ûnder Frânsk-Polyneezje falt, dat in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk is. Oars as de measte atollen nimt Makatea de foarm oan fan in opheft atol. De Steatske ûntdekkingsreizger Jacob Roggeveen neamde it eilân yn 1722 Aurora. Letter wie Makatea in wichtige boarne fan fosfaat (de mineralisearre gûano fan ûntelbere generaasjes seefûgels), dy't yn 'e iere tweintichste iuw goud wurdich wie om't it yn 'e Westerske wrâld as keunstdong brûkt waard. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 wennen der dat jiers noch mar 95 minsken op it eilân.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme 'Makatea' is ôflaat fan it feit dat der op it eilân in boarne fan drinkber wetter is. Mā bestjut yn it Tahitiaansk en Tûamotûaansk "helder" of "poer", en ferwiist yn dit ferbân nei drinkwetter; en atea betsjut "ljochtskyndei". De 'k' is in allofoan. 'Makatea' betsjut dus letterlik: "plak dêr't drinkwetter foar 't ljocht komt". De oarspronklike Polynezyske namme foar it eilân wie Papatea, dat "wite rots" betsjut.

Geografy en geology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Makatea leit rûchwei yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan en makket geografysk diel út fan 'e noardwestlike Tûamotû-eilannen, in arsjipel fan 'e gruttere regio Polyneezje. It neiste buoreilân is Rangiroa, dat 79 km nei it noardeasten ta leit. Mei sân oare eilannen foarmje Makatea en Rangiroa de Pallisereilannen, in subgroep fan 'e Tûamotû-arsjipel.
Makatea hat de foarm fan in komma, mei de punt nei it noarden ta en it rûne diel nei it súdeasten. It hat in oerflak fan 24 km². Op it langste punt is it 71/2 km lang en op it breedste punt mjit it 7 km breed. Oars as de measte atollen bestiet Makatea net út in ring fan eilannen en koraalriffen om in sintrale lagune hinne, mar is it in opheft atol dat opriist út 'e see mei in râne fan spektakulêre wite kliffen. Yn it binnenlân ferheft it eilân him fierder oant in plato dat yn 'e midden in hichte berikt fan 80 m boppe seenivo. It heechste punt is de heuvel Pu‘utiare, yn it noarden fan it eilân, dy't in hichte hat fan 110 m. Makatea is ien fan mar fjouwer fan sokke a-typyske atollen yn 'e hûnderten eilannen tellende Tûamotû-arsjipel (de oaren binne Nukutavake, Tikei en Noard-Tepoto).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Makatea waard yn 1606 ûntdutsen troch de Portegeeske ûntdekkingsreizger yn Spaanske tsjinst Pedro Fernandes de Queirós, dy't it eilân pasearre op syn ekspedysje út Perû wei op 'e siik nei it Unbekende Súdlân (Terra Australis). Hy neamde it Sagitario, nei it stjerrebyld Bôgesjitter. Yn 1722 die de Steatske ûntdekkingsreizger Jacob Roggeveen Makatea oan; hy joech it eilân de namme Aurora, nei de moarnsdage (Auroara wie de Romeinske goadinne fan 'e moarnsdage).
Deunby de noardwestkust fan Makatea leit in spûkstedsje, Vaitepaua, mei dêr deunby in ferlitten havenplak, Temao. Dat binne oerbliuwsels út 'e tiid fan 'e fosfaatmynbou, dy't op it eilân tusken 1917 en 1964 plakfûn. By fosfaatmynbou wurdt der fosfaat ôfgroeven, dat eins de mineralisearre gûano is fan ûntelbere generaasjes seefûgels. Dat guod wie benammen yn 'e njoggentjinde en iere tweintichste iuw goud wurdich om't it yn 'e Westerske wrâld as keunstdong brûkt waard.


Makatea wie yn 'e earste helte en de midden fan 'e tweintichste iuw ien fan mar trije eilannen yn 'e Stille Súdsee dêr't op grutte skaal oan fosfaatmynbou dien waard; de oare beide wiene Naurû (no in ûnôfhinklik lân) en Banaba (dat ta it tsjintwurdige Kiribaty heart). De troch de Ingelske ûndernimmer John T. Arundel oprjochte Pacific Phosphate Company (PPC), dy't belutsen wie by it winnen fan gûano op Naurû en Banaba, foarme yn 'e mande mei in Tahitiaansk bedriuw de Compagnie des Phosphates de l'Océanie om ek Makatea ôf te graven.
De mynbou loek yn dy tiid tûzenen arbeiders nei Makatea ta. Op it hichtepunt fan it spul, dat miskien twa desennia duorre, wie Makatea ien fan 'e bedriuwichste eilannen fan Frânsk-Polyneezje. Mar doe't de fosfaatmynbou einige, rekke it hast hielendal ferlitten. It wie boppedat ek grutdiels ferrinnewearre, mei tûzenen mei de hân groeven gatten yn it plato fan Makatea, dy't elts in diameter fan 21/2 m hawwe en 15 m djip binne. De gatten binne no fierhinne oerwoekere troch plantegroei en foarmje in gefaar foar kuierders, dy't der maklik yn kneppelje kinne as se net fertocht binne op it bestean fan sokke falkûlen. Yn 2022 frege in Nijseelânsk bedriuw in fergunning oan om 'e fosfaatmynbou te ferfetsjen. It regear fan Frânsk-Polyneezje hold de boat ôf en woe earst de sitewaasje op it eilân bestudearje.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bewenners fan Makatea libje in selsfoarsjennend bestean fan fiskjen en de bou fan ûnderskate lânbougewaaksen, fral kopra. Der is ek wat hannel yn kokoskrabben (Birgus latro), dy't yn guon lannen as in delikatesse beskôge wurde.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bestjoerlik makket Makatea diel út fan Frânsk-Polyneezje. Dat is gjin selstannich lân, mar in semy-autonoom oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de dûbele politike status fan in oerseeske kollektiviteit (collectivité d'outre mer, COM) en in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk (pays d'outre mer au sein de la République, POM). Binnen Frânsk-Polyneezje is Makatea part fan 'e bestjoerlike ûnderferdieling (subdivision administrative) fan 'e Tûamotû-eilannen. Op lokaal nivo foarmet Makatea in dielgemeente (commune associée) fan 'e gemeente (commune) Rangiroa.

Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 hie Makatea doe in befolking fan 95 minsken. De befolkingstichtens bedroech dat jiers 4 persoanen de km². It grutste doarp op it eilân is Moumu. De eilanners binne hast allegearre etnyske Tûamotûanen, in Polynezysk folk dat nau besibbe is oan 'e Tahitianen. Se binne kristenen en sprekke Tûamotûaansk en Frânsk, hoewol't inkeld dy lêste taal in offisjele status hat.
Floara en fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei't Makatea in tropysk klimaat hat, is in grut part fan it binnenlân begroeid mei tropysk reinwâld. De fauna fan it eilân bestiet benammen út fûgels en ynsekten op it lân en fisken en kreefteftigen yn it wetter om it lân hinne. Foarbylden fan 'e fûgels binne de Polynezyske muskaatdo (Ducula aurorae) en de Makateajufferdo (Ptilinopus chalcurus). Allebeide hawwe dy in bedrige status, en de Makateajufferdo is endemysk op it eilân. Earder kamen der ek ferskate soarten endemyske lânslakken op Makatea foar, mar dy lykje by de fosfaatwinning útrûge te wêzen.
Yn 'e popkultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It meastepart fan 'e plot fan 'e Amerikaanske aventoerekomeedzje Six Days, Seven Nights út 1998, mei Harrison Ford en Anne Heche yn 'e haadrollen, fynt plak op Makatea, hoewol't de film dêr net opnommen is.
- It meastepart fan 'e plot fan Playground, in roman fan Richard Powers út 2024, fynt plak op Makatea.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
