Springe nei ynhâld

Majorka-ekster

Ut Wikipedy
Majorka-ekster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekriefûgels (Corvidae)
skaaieksters (Pica)
soarte
Pica mourerae
Seguí, 2001
status: útstoarn (fossyl)
ferspriedingsgebiet

De Majorka-ekster (wittenskiplike namme: Pica mourerae) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) en it skaai fan 'e eksters (Pica). Dit bist libbe om 'e oergong hinne fan it Plioseen (5,3–2,6 miljoen jier lyn) nei it Pleistoseen (2,6 miljoen–11.700 jier lyn).

Fossilen fan 'e Majorka-ekster binne fûn te Pedrera de s'Ònix op Majorka, it grutste eilân fan 'e ta Spanje hearrende arsjipel fan 'e Baleären, yn it westlike part fan 'e Middellânske See. Op basis fan dy fynsten waard dizze fûgel yn 2001 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Katalaanske paleöntolooch Bartomeu Seguí. De wittenskiplike namme Pica mourerae betsjut letterlik "Mourers ekster" en is in earbetoan oan 'e foaroansteande Frânske paleöntologe dr. Cécile Mourer-Chauviré fan 'e Claude-Bernard Universtiteit yn Lyon.

De opdobbe fossilen, dy't besteane út û.o. in boppe-earmbonke, in bilbonke en in fjouwerkantsbonke (diel fan 'e plasse), binne dúdlik fan in lid fan 'e famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae). Mar de skaaimerken fan 'e bonken, yn 't bysûnder dy fan 'e fjouwerkantsbonke, komme net alhiel oerien mei lykfol hokker hjoeddeistige kriefûgel. De grutste oerienkomst bestiet mei de ekster (Pica pica) en yn mindere mjitte mei de houtekster (Garrulus glandarius); dêrom is dizze nije fûgel yndield by it skaai fan 'e eksters (Pica).

Yn it fossyl is in reduksje fan 'e wjukeleminten en in ferlinging fan 'e skonk oanwêzich, foar 't neist ûntstien troch evolúsje yn 'e isolaasje fan in eilân. De ferhâldings dy't op basis dêrfan foar it hiele lichem berekkene binne, litte, yn ferliking mei hjoeddeistige kriefûgels, in fermindering yn it fermogen ta fleanen sjen. It is lykwols beslist net sa dat de Majorka-ekster in flechtleaze fûgel wie.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.