Majong
![]() Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|

Majong is in kaartspultsje foar fjouwer spilers dat ûntstean is yn Sina. It is in spultsje fan feardigens, yntelliginsje, berekkening en gelok. De kaarten dêr't Majong mei spile wurdt, binne stientsjes fan bamboe en ivoar. (Ornaris is dat sabearre.)
De opset
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It spul wurdt ornaris spile op in minoftemear kante tafel. (It moaiste is: Mei fjouwer kanten allegear deselde lingte.) De dieler fan it spul wurdt de "East"-spiler neamd, en alle oaren wurde neamd neffens de relative rjochtings dêr't hja yn sitte - dat de persoan lofts fan East is Noard, de persoan tsjin East oer is West, en de persoan rjochts fan East is Súd. Dat is oar as wat men yn it Westen tinke soe, om't it kompas dêr't Majong fan ôflaat is, in Sineesk kompas wie, wat boppen de holle hong. Dat at it dan op tafel lein waard, wienen de rjochtings krekt oarsom. (Fansels binne der ek lju dy't soks net dogge.)
As East net ferliest, dan is dy de oare kear ek wer de dieler; as in oar wint, dan is de persoan rjochts fan East (Súd) de nije dieler. Dỳ persoan wurdt dan East. In spultsje fan Mahjong einiget as eltse spiler de beurt as East hân hat en eindige hat.
Ferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op himsels is it spul in oanlisspul, wat grif grûn wie foar de stientsjes. De spiler foarmt kombenaaasjes mei de stienen yn de hân. Allinnich at der in kombenaasjes makke wurdt mei in stientsje útlein troch in oar, dan komt dy kombenaasje op tafel te lizzen en leit dêrmei foar dat spul fêst. Sa dien kin in kombenaasje trije efterelkoar, Chow, allinnich makke wurde mei in stientsje wat de spiler krekt derfoar fuortlein hat. Lykwols kinne der ek kombenaasjes fan gelikense stienen makke wurde, om't eltse stien fjouweresom is. Trije gelikense stientsjes, Pung, hoege allinnich útlein te wurden as dat mei in stien dien wurdt dy in oar fuortleit, mar dat eltse spiler mei dat dwaan. Fjouwer gelikense stientsjes, Kong as Kang, mei de spiler útlizze, sels at er de kombinaasje hielendal yn de hân makke hat. De spiler mei derfoar in stien brûke dy't in oar fuortleit, hokfoar spiler ek, as er dan de oare trije dan mar sels yn de hân hat. De grûn dat in kong útlein wurde moat, is dat it spul opboud wurdt mei kombenaasjes fan trije stienen, dat at immen in kong hat, moat der stien ekstra naam wurde, dat it tal kombenaasjes wer goed útkomt.
Solitêr
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stientsjes fan Majong wurde ek brûkt by in spul foar ien persoan: Draketegels. It materiaal is lykwols it ienichtste ferbân.