Maj Sjöwall

Ut Wikipedy
Maj Sjöwall
skriuwer
Maj Sjöwall yn 2009.
Maj Sjöwall yn 2009.
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Sweedsk
berne 25 septimber 1935
berteplak Stockholm (Sweden)
stoarn 29 april 2020
stjerplak Landskrona (Sweden)
etnisiteit Sweedsk
wurk
taal Sweedsk
sjenre detektiveromans
bekendste
  wurk(en)
Roseanna
Mannen på Balkongen
Polis, Polis, Potatismos
prizen Edgar Award 1971
jierren aktyf 19652007
offisjele webside
gjint

Maj Sjöwall (Stockholm, 25 septimber 1935Landskrona, 29 april 2020) wie in Sweedsk skriuwster en oersetster. Hja waard fral bekend troch de detektiveromans oer resjersjeur Martin Beck, dy't se yn 'e 1960-er en 1970-er jierren skreau yn gearwurking mei har libbenspartner Per Wahlöö.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjöwall waard yn 1935 berne yn 'e Sweedske haadstêd Stockholm as de dochter fan sakeman Will Sjöwall en dy syn frou Margit Trobäck. Nei't se de middelbere skoalle ôfmakke hie, wurke se fan 1954 oant 1959 by de útjouwerij Åhlén & Åkerlunds Förlag, dêrnei oant 1961 by de útjouwerij Wahlström & Widstrand, en doe oant 1963 by útjouwerij Esselte.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjöwall waard bekend troch de rige detektiveromans oer de Stockholmster resjersjeur Martin Beck dy't se yn 'e 1960-er en 1970-er jierren skreau yn gearwurking mei har libbenspartner Per Wahlöö. Dy boeken wurde no, benammen yn Sweden, sjoen as wiere klassikers, mar ek om utens genietsje se in beskate bekendheid, al wie it mar troch de ferskate ferfilmings, wêrfan't bgl. de tillefyzjefilms út 'e 1990-er jierren, mei Gösta Ekman yn 'e rol fan Beck, yn in soad lannen op 'e tillefyzje útstjoerd binne. Sjöwall en Wahlöö skreaune yn totaal tsien boeken tegearre, en publisearren dêrnjonken ek ferskate wurken los faninoar.

De bekendste boeken út 'e Martin Beck-rige dy't troch Sjöwall en Wahlöö tegearre skreaun waarden, binne Roseanna út 1965, Mannen på Balkongen ("De Man op it Balkon") út 1967, en Polis, Polis, Potatismos ("Plysje, Plysje, Jirpelpuree", frij fertaald: "Plysje, Plysje, Blauwe Broek") út 1970. Yn 1971 wûn The Laughing Policeman, de Ingelske oersetting fan Den Skrattande Polisen ("De Laitsjende Plysje") yn 'e Feriene Steaten in prestizjeuze Edgar Award yn 'e kategory bêste roman. It boek waard neitiid ferfilme as The Laughing Policeman, mei akteur Walter Matthau yn 'e haadrol.

Oan 'e gearwurking tusken Sjöwall en Wahlöö kaam in ein mei it ferstjerren fan Per Wahlöö yn 1975. Neitiid wurke Sjöwall benammen as oersetster en publisearre se dêrnjonken ek kollumns yn tydskriften. Mei de Deenske auteur Bjarne Nielsen skreau se yn 1989 op 'e nij in Martin Beck-roman, mei as titel Dansk Intermezzo ("Deensk Intermezzo"). Yn 1990 publisearre se mei Tomas Ross de skrillerroman Kvinnan Som Liknade Greta Garbo ("De Frou Dy't op Greta Garbo Liek"). Yn 2013 waard oan Sjöwall de Sweedske Leninpriis takend, dy't útrikt wurdt oan sosjaal krityske skriuwers, filmmakkers en keunstners út in polityk linkse tradysje.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjöwall troude yn 1955 mei har earste man, tydskriftredakteur Gunnar Isaksson, fan wa't se yn 1958 skiede. Yn 1959 wertroude se mei fotograaf Hans J. Flodquist, fan wa't se lykwols yn 1962 ek skiede. Fan 1962 ôf hie se in trettjin jier duorjende relaasje mei skriuwer Per Wahlöö, hoewol't sy beiden nea trouden. Hja bleaune byinoar oant de dea fan Wahlöö yn 1975.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maj Sjöwall kaam op 29 april 2020 yn 'e âlderdom fan 84 jier te ferstjerren nei in lang siikbêd.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

romans út 'e Martin Beck-rige skreaun mei Per Wahlöö
  • 1965 – Roseanna
  • 1966 – Mannen Som Gick upp i Rök ("De Man dy't yn Reek Opgie")
  • 1967 – Mannen på Balkongen ("De Man op it Balkon")
  • 1968 – Den Skrattande Polisen ("De Laitsjende Plysje")
  • 1969 – Brandbilen Som Försvann ("De Brânwachtauto dy't Ferdwûn")
  • 1970 – Polis, Polis, Potatimos ("Plysje, Plysje, Jirpelpuree", frij fertaald: "Plysje, Plysje, Blauwe Broek")
  • 1971 – Den Vedervärdige Mannen från Säffle ("De Walchlike Man út Säffle")
  • 1972 – Det Slutna Rummet ("De Ofsletten Keamer")
  • 1974 – Polismördaren ("Plysjemoardner")
  • 1975 – Terroristerna ("De Terroristen")
oar wurk
  • 1989 – Dansk Intermezzo ("Deensk Intermezzo"; in Martin Beck-roman skreaun mei Bjarne Nielsen)
  • 1990 – Kvinnan Som Liknade Greta Garbo ("De Frou Dy't op Greta Garbo Liek"; skrillerroman skreaun mei Tomas Ross)
  • 2007 – Sista Resan och Andra Berättelser ("Lêste Reis en Oare Fertellings"; ferhalebondel mei koarte ferhalen fan Sjöwall en Wahlöö)

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priis resultaat kategory foar
1971 Edgar Award wûn bêste roman (mei Per Wahlöö) Den Skrattande Polisen
2013 Leninpriis wûn n.f.t. oeuvre

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.