Springe nei ynhâld

Maine-et-Loire

Ut Wikipedy
Maine-et-Loire
Departemint yn Frankryk
Lokaasje fan it departemint Maine-et-Loire (read) yn Frankryk.
Lokaasje fan it departemint Maine-et-Loire (read) yn Frankryk.
Emblemen
               
Bestjoer
regio Lannen fan de Loire
departemintsnûmer49
haadplakAngers
oantal kantons21
oantal gemeenten363
Sifers
ynwennertal828.151 (2022)
oerflak7.107 km²
befolkingsticht.117 ynw./km²
Oar
stifting1790
tiidsôneUTC +1
Offisjele webside
www.maine-et-loire.gouv.fr

Maine-et-Loire is in Frânsk departemint yn 'e regio Pays de la Loire. De haadstêd is Angers.

Maine-et-Loire is ien fan 'e oarspronklik 83 departeminten dy't ûntstiene yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje op 4 maart 1790. It departemint waard foar it grutste part út it súdlike diel fan 'e eardere provinsje Anjou foarme. Oarspronklik hjitte it departemint Mayenne-et-Loire, mar de namme waard yn 1791 feroare yn Maine-et-Loire. De hjoeddeiske namme is ôflaat fan 'e rivieren Maine en Loire, dy't yn it departemint byinoar komme.

It departemint hat in fariearre lânskip, mei beboske heuvels yn it suden en noarden en dêrtusken de delling fan 'e Loire. It heechste punt is Colline des Gardes op 210 m. In diel fan 'e Loire-delling, in lokaasje fan it UNESCO-wrâlderfgoed, leit yn Maine-et-Loire. Befarbere rivieren binne de Loire, Sarthe, Mayenne, Loir en de Authion.

Maine-et-Loire bestiet út de folgjende fjouwer arrondisseminten:

Fierder hat it departemint 21 kantons, dy't ferdield binne yn 363 gemeenten

It grutste plak neffens ynwennertal is de haadstêd Angers. Oare plakken mei mear as 20.000 ynwenners binne:

Gemeente Ynwennertal (2022)
Angers 157.544
Cholet 54.074
Saumur 26.074
Sèvremoine 25.764
Beaupréau-en-Mauges 23.887
Chemillé-en-Anjou 21.550

Ynwenners fan it departemint wurdt Angevins (nei de âlde provinsje Anjou) neamd.

Jier196219751990199920082019
Ynwennertal557.069629.849705.882732.942774.823818.273
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Maine-et-Loire fan Wikimedia Commons.
Departeminten fan Frankryk Flagge fan Frankryk

01 Ain • 02 Aisne • 03 Allier • 04 Alpes-de-Haute-Provence • 05 Hautes-Alpes • 06 Alpes-Maritimes • 07 Ardèche • 08 Ardennes • 09 Ariège • 10 Aube • 11 Aude • 12 Aveyron • 13 Bouches-du-Rhône • 14 Calvados • 15 Cantal • 16 Charente • 17 Charente-Maritime • 18 Cher • 19 Corrèze • 2A Súd-Korsika • 2B Opper-Korsika • 21 Côte-d'Or • 22 Côtes-d'Armor • 23 Creuse • 24 Dordonje • 25 Doubs • 26 Drôme • 27 Eure • 28 Eure-et-Loir • 29 Finistère • 30 Gard • 31 Haute-Garonne • 32 Gers • 33 Gironde • 34 Hérault • 35 Ille-et-Vilaine • 36 Indre • 37 Indre-et-Loire • 38 Isère • 39 Jura • 40 Landes • 41 Loir-et-Cher • 42 Loire • 43 Haute-Loire • 44 Loire-Atlantique • 45 Loiret • 46 Lot • 47 Lot-et-Garonne • 48 Lozère • 49 Maine-et-Loire • 50 Manche • 51 Marne • 52 Haute-Marne • 53 Mayenne • 54 Merthe-et-Moselle • 55 Meuse • 56 Morbihan • 57 Moselle • 58 Nièvre • 59 Nord • 60 Oise • 61 Orne • 62 Pas-de-Calais • 63 Puy-de-Dôme • 64 Pyrénées-Atlantiques • 65 Hautes-Pyrénées • 66 Pyrénées-Orientales • 67 Bas-Rhin • 68 Haut-Rhin • 69 Rhône • 70 Haute-Saône • 71 Saône-et-Loire • 72 Sarthe • 73 Savoaye • 74 Opper-Savoaye • 75 Parys • 76 Seine-Maritime • 77 Seine-et-Marne • 78 Yvelines • 79 Deux-Sèvres • 80 Somme • 81 Tarn • 82 Tarn-et-Garonne • 83 Var • 84 Vaucluse • 85 Vendée • 86 Vienne • 87 Haute-Vienne • 88 Fogezen • 89 Yonne • 90 Territoire-de-Belfort • 91 Esonne • 92 Hauts-de-Seine • 93 Seine-Saint-Denis • 94 Val-de-Marne • 95 Val-d'Oise

Oerseeske departeminten

971 Gûadelûp • 972 Martinyk • 973 Frânsk-Guyana • 974 Reünion • 975 Majot

· · Berjocht bewurkje