Springe nei ynhâld

Maina's

Ut Wikipedy
Maina's
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
famylje:protterfûgels (Sturnidae)
skaai:mainaprotters (Acridotheres)
Vieillot, 1816

De maina's of mainaprotters foarmje in fûgelskaai fan middelgrutte protterfûgels út Súd- en Súdeast-Aazje. Hja binne tige oanpast oan minsklike omjouwingen en komme gauris foar yn stêden, doarpen en op plattelân. De bekendste soarte is de treurmaina (Acridotheres tristis), dy't mei help fan minsken ek bûten it oarspronklike ferspriedingsgebiet in soad nije populaasjes fêstige hat, lykas yn Austraalje en op oare eilannen yn 'e Yndyske Oseaan.

Mainaprotters hawwe oer it generaal in donkerbrún oant swart fearrekleed, mei ljochtere of giele details om 'e eagen en snaffel hinne. Se rinne graach oer de grûn en hawwe in stevige, rjochte snaffel. It binne lûdroftige, tige sosjale fûgels mei in breed repertoire oan roppen en lûden en guon soarten kinne minsklike stimmen neidwaan.

It iten bestiet út in miks fan ynsekten, fruit, sied en lytse dieren. Hja ha in wichtige rol as fruchtenfersprieders, mar kinne as ynvasive soarte grutte skea oan lokale fûgelpopulaasjes feroarsaakje.

De typesoarte fan it skaai is de treurmaina (Acridotheres tristis), oarspronklik beskreaun troch Linnaeus yn 1766 as Gracula tristis.

It skaai telt alve soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
OfbyldWittenskiplike namme Fryske nammeStatus / trend
Acridotheres albocinctuswytkraachmainanet bedrige
ûnbekend[1]
Acridotheres burmannicusBirmamainanet bedrige
ûnbekend[2]
Acridotheres cinereusSelebesmainakwetsber
[3]
Acridotheres cristatellusTúfmainanet bedrige
stabyl[4]
Acridotheres fuscusWâldmainanet bedrige
[5]
Acridotheres ginginianusIggemainanet bedrige
[6]
Acridotheres grandisGrutte mainanet bedrige
stabyl[7]
Acridotheres javanicusJavaanske mainakwetsber
[8]
Acridotheres leucocephalusWynboarstmainanet bedrige
[9]
Acridotheres melanopterusSwartwjukmainabedrige
[10]
Acridotheres tristisTreurmainanet bedrige
[11]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: