Springe nei ynhâld

Jules Maigret

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Maigret)
Maigret as byldhouwurk yn Delfsyl, dêr't it personaazje nei alle gedachten foarm krige

Jules Maigret is in romanfiguer fan Georges Simenon dêr't dy 75 boeken oer skreaun had, plus noch 28 ferhalen. De earste idee fan Maigret is, neffens Simenon sels, ûntstien ûnder in tocht mei in skip nei Noarwegen yn 1928/1929. Yn 1929 reizige Simenon mei syn eigen boat troch Belgjeen Nederlân, ma doe't er besocht om nei Bremen te kommen, waard him yn Dútsklân helder makke dat in Frânsktalichge mei skriuwark net wier wolkom wie yn Dútslân, dat hy luts him oer de grins werom nei Delfzijl, dêr't syn boat op de werf gong foar reperaasje. Underwilens skreau Simenon oan in plysjeferhaal.

Krekt hokfoar ferhaal dat wie is ûnwis; it soe kinnen dat it Train de nuit wie, in ferhaal oer de figuer dy't er ûnderweis nei Noarwege optocht hie, Maigret, dyt't yn dat ferhaal noch in plysjeman út Marseille wie. It kin lykwols ek dat er skreau oan Pietr-le-Letton, dêr't de haadfiguer, Maigret, in ynspekteur yn Parys is. Yn alle gefallen is it dat lêste ferhaal, wat yn 1930 foleinige wurdt yn Parys en letter dat jier yn searje útkaam yn Ric et Rac.

Lykwols duorret oant maaie 1931 ear't it Pietr-le-Letton yn boekfoarm útkaam, wat it ûnwis makket wat krekt de earste Maigret-roman wie. It wie sa dat Simenon yn de simmer fan 1930 Monsieur Gallet, décédé skreaun hie, wat yn febrewaris fan 1931 as boek útkaam.

Seleksje út de Fiktive Biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maigrêt wurdt yn de ferhalen soms oantsjut as ynspekteur fan de plysje fan Parys, mar eins is er ek yn de earste ferhalen al komsaris fan de plysje. Hy hat lykwols de oanwinst en reizget ôf nei de lokaasjes dêr't in misdie, faak in moard, west hat, sels as dat bûten Parys is. Op dy wize kin er foar himsels dúdlik krije krekt wat der bart is. Mei syn oar helte, hold er lykwols altiten domisylje yn Parys. Op it lêst fan syn wurkpaad, keapje de twa in húske yn Meung-sur-Loire, dêr't hja nei sy pinsjoen nei ferfarje.

As Frânsktalige Belch skreauw Simenon al syn boeken yn it Frânsk, al wie der 't en troch krityk op syn Waalske wize fan skriuwen. De boeken binne al oerset yn sa'n 40 oare talen. Net ien Maigret-roman is lykwols ferskynd yn it Frysk.

  • Pietr-le-Letton (septimber 1930)
  • Monsieur Gallet, décédé (febrewaris 1931)
  • Le Charretier de la Providence (maart 1931)
  • Le Pendu de Saint-Pholien (febrewaris 1931)
  • Le Chien jaune (april 1931)
  • La Nuit du carrefour - (juny 1931)
  • Un crime en Hollande (july 1931)
  • Au rendez-vous des Terre-Neuvas (augustus 1931)
  • La Tête d'un homme (septimber 1931)
  • La Danseuse du Gai-Moulin (novimber 1931)
  • La Guinguette à deux sous (desimber 1931)
  • L'Ombre chinoise (jannewaris 1932)
  • L'Affaire Saint-Fiacre (febrewaris 1932)
  • Chez les Flamands (maart 1932)
  • Le Fou de Bergerac (april 1932)
  • Le Port des brumes (maaie 1932)
  • Liberty Bar (july 1932)
  • L'Ecluse n° 1 (1933)
  • Maigret (1934)

Nei dy lêste roman hold Simenon op mei Maigret, en skreau wat er as mear literaire boeken seach.

Romans út de oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't de omstannichheden feroaren, sette Simenon him út en troch ek wer oan Maigret-ferhalen:

  • Les caves du Majestic (1940)
  • La maison du juge (1942)
  • Cécile est morte (1944)
  • Signé Picpus (1944)
  • Felicie est là (1944)
  • L'inspecteur Cadavre (1944)

Yn de oarloch waard Simenon der fan beskuldige dat er (Joad)sk wie. Doe't er bewiisd hie dat dat nèt sa wie, waard er daalks nei de oarloch beskuldige fan gearwurkjen mei de fijan.

Twa saken feroaren nei de oarloch: Simenon ferfarre oer de (Atlantyske Oseaan), en hy makke yn de titels fan syn boeken helder hokfoar boeken Maigret-boeken wienen:

  • La Pipe de Maigret (1945)
  • Maigret se fâche (1945)
  • Maigret à New-York (1946)
  • Les vacances de Maigret (1948)
  • Maigret et son mort (1948)
  • La Première Enquête de Maigret, 1913 (1949)
  • Mon ami Maigret (1949)
  • Maigret chez le coroner (1949)
  • Maigret et la vieille Dame (1950)
  • L'Amie de madame Maigret (1950)
  • Les mémoires de Maigret (1951)
  • Maigret au Picratt's (1951)
  • Maigret en meublé (1951)
  • Maigret et la Grande Perche (1951)
  • Maigret, Lognon et les Gangsters (1952)
  • Le revolver de Maigret (1952)
  • Maigret et l'Homme du banc (1953)
  • Maigret a peur (1953)
  • Maigret se trompe (1953)
  • Maigret à l'ecole (1954)
  • Maigret et la Jeune Morte (1954)
  • Maigret chez le ministre (1954)
  • Maigret et le Corps sans tête (1955)

Mei't er dit boek skreaun hie, yn jannewaris fan 1955, betocht Simenon dat syn Amearikaanske aventoer net brocht hie dêr't er op hope hie. De lju yn Amearika seagen him as te Jeropeesk. Dat, Simenon ferfarre werom nei Frankryk.

  • Maigret tend un piège (1955)
  • Un échec de Maigret (1956)
  • Maigret s'amuse (1957)

Romans út Nolân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In pear jier letter feroare Simenon syn adres wer. Syn manuskripten joegen no oan dat dy yn Nolân skreaun wienen. It adres dat dêr wier by hearde wie Échandens, by Lausanne yn Switserlân, in domsily dy't er faaks keazen hie om de belêstings.

  • Maigret voyage (1957)
  • Les scrupules de Maigret (1958)
  • Maigret et les Témoins récalcitrants (1959)
  • Une confidence de Maigret (1959)
  • Maigret aux assises (1960)
  • Maigret et les vieillards (1960)
  • Maigret et le voleur paresseux (1961)
  • Maigret et les braves gens (1962)
  • Maigret et le client du samedi (1962)
  • Maigret et le clochard (1963)
  • La Colère de Maigret (1963)
  • Maigret et le fantôme (1964)
Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.