Springe nei ynhâld

Mai‘ao

Ut Wikipedy
Mai‘ao
In satellytfoto fan Mai‘ao
In satellytfoto fan Mai‘ao
polityk
soarte gebieteilân
lân Frankryk
oerseeske kollekt. Frânsk-Polyneezje
bestj. ûnderferdielingBoppewynske Eilannen
gemeenteMo‘orea-Mai‘ao
arsjipelGenoatskipseilannen
sifers
ynwennertal343 (2022)
oerflak8,8 km²
befolkingstichtens39,0 / km²
heechste punt154 m
oar
tiidsôneUTC –10.00
simmertiidgjint
koördinaten17°39′ S 150°38′ W
kaart
Mai‘ao (Frânsk-Polyneezje)
Mai‘ao
De lizzing fan Mai‘ao yn Frânsk-Polyneezje.

Mai‘ao (Tahitiaanske útspr.: [ˈmaiʔao], likernôch: "mai-au"), ek wol stavere as Maiao, is in eilân yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. It heart ta de arsjipel fan 'e Genoatskipseilannen yn Frânsk-Polyneezje. Neffens de folkstelling fan 2022 hie Mai‘ao doe in befolking fan 343 minsken.

Mai‘ao leit rûchwei yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan, besuden de evener. Geografysk makket it diel út fan 'e Boppewynske kloft fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel dy't ta de gruttere regio fan Polyneezje heart. It neiste buoreilân fan Mai‘ao is Mo‘orea, dat 78 km nei it eastnoardeasten ta leit. Tahity, it haadeilân fan 'e Genoatskipseilannen, mei dêrop Papeete, de haadstêd fan Frânsk-Polyneezje, leit 95 km nei it easten.

Mai‘ao bestiet út in heech, fulkanysk eilân mei in berchtop fan 154 m heech en in leechlein eilân (of motû) dat it hege eilân omjout en der yn it noarden oan fêst groeid is. Yn it westen en easten wurde it hege en it lege eilân faninoar skaat troch twa hypersâlte lagunes, dy't Roto Iti en Roto Rahi hjitte. De hiele eilânformaasje, dy't in oerflak fan 8,8 km² hat, wurdt sels wer omjûn troch in koraalrif. De romte tusken it rif en de kust is smel, útsein yn it suden, dêr't de kust in holle bocht makket, sadat der in ûndjippe lagune ûntstien is. Alle trije lagunes steane mei-inoar yn kontakt fia smelle wetterwegen.

In lânkaart fan 'e Genoatskipseilannen. Mai‘ao leit westlik fan Tahity en westsúdwestlik fan Mo‘orea.

Bestjoerlik falt Mai‘ao mei de rest fan 'e Genoatskipseilannen en fjouwer oare arsjipellen (de Tûamotû-eilannen, de Markesaseilannen, de Gambiereilannen en de Australeilannen) ûnder Frânsk-Polyneezje. Dat is in semy-autonoom oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de dûbele politike status fan in oerseeske kollektiviteit (collectivité d'outre mer, COM) en in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk (pays d'outre mer au sein de la République, POM).

Binnen Frânsk-Polyneezje leit Mai‘ao yn 'e bestjoerlike ûnderferdieling (subdivision administrative) fan 'e Boppewynske Eilannen. It eilân heart bestjoerlik ta de gemeente (commune) Mo‘orea-Mai‘ao, dy't ek it (folle gruttere en mear befolke) eilân Mo‘orea omfettet.

Neffens de folkstelling fan 2022 hie Mai‘ao doe in befolking fan 343 minsken. De befolkingstichtens fan it eilân bedraacht 39 minsken de km².

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.