Springe nei ynhâld

Maharashtra

Ut Wikipedy
Maharashtra
महाराष्ट्र
Dielsteat fan Yndia
De Gateway of India yn Bombay.
De Gateway of India yn Bombay.
Symboalen

Algemien
LânYndia
HaadstêdMumbai
Grutste stêdMumbai
Distrikten36
Befolking
Ynwennertal112.374.333 (2011)
TalenMaratysk (offisjeel)
Geografy
Oerflak307.713 km²
Oar
Stifting1 maaie 1960
TiidsôneIST (UTC+5:30)
Offisjele webside
maharashtra.gov.in
Kaart
De Gateway of India yn Bombay.
Lokaasje fan Maharashtra yn Yndia

Maharashtra is in dielsteat yn it westen fan Yndia. It is neffens ynwennertal de op ien nei grutste steat fan it lân en nei oerflak de op twa nei grutste. De steat leit oan 'e kust fan 'e Arabyske See. Maharashtra is ien fan 'e meast ûntwikkelde en rykste steaten fan Yndia en spilet in krúsjale rol yn de nasjonale ekonomy en kultuer.

West-Ghats.

Maharashtra wurdt yn it westen begrinzge troch de Arabyske See, yn it noardwesten troch Gûdjarat en it unyterritoarium Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu, yn it noarden troch Madhya Pradesh, yn it easten troch Chhattisgarh, yn it suden troch Telangana en Karnataka, en yn it súdwesten troch Goä.

It lânskip wurdt domininearre troch de parallel oan 'e kust lizzende West-Ghats (ek bekend as de Sahyadri-bergen). Tusken de bergen en de see leit de smelle, tropyske kuststripe fan 'e Konkan. Eastlik fan 'e West-Ghats leit it grutte Dekkan-plato, dat de rest fan 'e steat ynnimt en trochsnien wurdt troch grutte rivieren lykas de Godavari en de Krishna.

Shivaji Maharaj

De skiednis fan Maharashtra is nau ferbûn mei it Maratharyk. Yn 'e 17e iuw ferienige de legindaryske kriger-kening Shivaji Maharaj de lokale stammen en stifte in machtich ryk dat de striid oangie mei it Mogolryk. Syn fersetsgeast en militêre taktyk (lykas guerrillaoarlochfiering) foarmje hjoed-de-dei noch altiten in wichtige boarne fan grutskens foar de befolking.

Yn 'e 18e iuw wreide it Maratharyk him út oer grutte dielen fan Yndia ûnder lieding fan 'e Peshwa's (earste ministers), oant se lang om let yn 'e 19e iuw troch de Britten ferslein waarden yn 'e Maratha-Ingelske oarloggen. Under it Britske bestjoer hearde it gebiet foar it grutste part by de Bombay Presidency.

Moderne skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske steat Maharashtra ûntstie nei in lange en fûleindige striid fan 'e Samyukta Maharashtra Samiti-beweging (1956-1960). Nei de ûnôfhinklikens fan Yndia foel it gebiet ûnder de meartalige steat Bombay. De Marathi-sprekkers easken lykwols in eigen taalsteat mei Bombay as haadstêd.

Monumint Hutatma Chowk, Mumbai.

De striid boaze yn 1956 oan doe't de sintrale oerheid útstelde om fan Bombay in apart unyterritoarium te meitsjen. Dat late ta massale stakingen en fûle protesten yn 'e strjitten fan Bombay. By ien fan dy konfrontaasjes mei de plysje kamen 105 demonstranten om it libben. De fêsthâldendheid fan 'e beweging twong de oerheid lang om let op 'e knibbels. Op 1 maaie 1960 waard de steat Bombay spjalte en ûntstie de nije, hjoeddeiske steat Maharashtra, mei Bombay as haadstêd. De 105 slachtoffers wurde hjoed-de-dei noch altyd as martelders eare by it Hutatma Chowk-monumint yn it hert fan Bombay.

De Shree Siddhivinayak timpel yn Mumbai.

Neffens de folkstelling fan 2011 hie de steat mear as 112 miljoen ynwenners, en yn 2026 wurdt it oantal rûsd op goed 128 miljoen. Maharashtra hat ien fan 'e heechste urbanisaasjegraden fan Yndia; likernôch 45 prosint fan 'e minsken wennet yn stêden.

De offisjele taal is it Maratysk, in taal dy't skreaun wurdt yn it Devanagari-skrift. It is de memmetaal fan 'e grutte mearderheid. Yn 'e stêden, benammen yn Mumbay, wurdt fanwegen de migraasje út oare dielen fan Yndia ek in soad Hindy en Ingelsk praat.

Op it mêd fan religy is de steat foar it grutste part hindoeïstysk. In opfallend skaaimerk is de relatyf grutte boedistyske mienskip (sawat 6 prosint), foaral as gefolch fan 'e massabekearingen ûnder lieding fan 'e herfoarmer Bhimrao Ramji Ambedkar yn 1956.

De Boedistyske Vipassana Pagode yn Mumbai.
Religy yn Maharashtra
Religy% (2001)% (2011)Ferskil (%)
Hindoeïsme80,36%79,83%-0,53%
Islam10,60%11,54%+0,94%
Boedisme6,00%5,81%-0,19%
Jaïnisme1,30%1,25%-0,05%
Kristendom1,05%0,96%-0,09%
Sikhisme0,22%0,20%-0,02%
Oars (û.o. Zoroastrisme)0,47%0,41%-0,06%

Yn 'e steat lizze in pear fan 'e grutste en wichtichste stêden fan Yndia.

Grutste stêden yn Maharashtra

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
RangStêdYnwennertal (2001)Ynwennertal (2011)Groei (%)Karakter en bysûnderheden
1Mumbai11.978.45012.442.373+3,9%Haadstêd en finansjeel hert fan Yndia.
2Pune2.538.4733.124.458+23,1%Kulturele haadstêd en belangryk sintrum foar IT en de auto-yndustry.
3Nagpur2.052.0662.405.665+17,2%Leit yn it geografyske hert fan Yndia. Bekend om syn sinesappels.
4Thane1.262.5511.841.488+45,9%Ien fan 'e fluchst groeiende stêden troch de útwreiding fan 'e metropoalregio Mumbai.
5Pimpri-Chinchwad1.012.4721.727.692+70,6%In yndustriële satellytstêd fan Pune mei in ekstreme befolkingsoanwaaks.
6Nashik1.077.2361.486.053+38,0%Hillige stêd oan 'e Godavari en it sintrum fan 'e Yndiaaske wynbou.
7Kalyan-Dombivli1.193.5121.247.327+4,5%Belangryk spoarknooppunt yn 'e regio Mumbai.
8Vasai-Virar518.6011.222.390+135,7%De befolking is yn tsien jier mear as ferdûbele.
9Aurangabad873.3111.175.116+34,6%Toeristysk knooppunt foar de Ajanta- en Ellora-grotten.
10Navi Mumbai704.0021.120.547+59,2%In plande stêd dy't boud is om de druk op it âlde Mumbai te ferminderjen.

Maharashtra is de ekonomyske motor fan Yndia. It is de rykste dielsteat fan it lân en draacht foar likernôch 14 prosint by oan it nasjonale bruto binnenlânsk produkt (BBP). De steat nimt in liedende posysje yn op it mêd fan yndustriële produksje, hannel, transport en ûnderwiis.

De tsjinstesektor dominearret, dy't ferantwurdlik is foar it grutste part fan 'e ekonomyske opbringst. De haadstêd Mumbay spilet dêr in grutte rol as it finansjele en kommersjele hert fan Yndia. De stêd is it thús fan 'e wichtichste finansjele ynstellingen fan it lân, wêrûnder de Bombay Stock Exchange (de âldste beurs fan Aazje) en de National Stock Exchange.

Bombay Stock Exchange.

Njonken de tsjinsten is Maharashtra ien fan 'e meast yndustrialisearre steaten. De produksje fan auto's, gemyske produkten, farmaseutika en tekstyl foarmje wichtige pylders. Ek op it mêd fan technology en software is de steat, mei stêden as Pune en Mumbay, in wrâldspiler.

Alhoewol't de lânbou mar in relatyf lyts part fan it totale steatsynkommen foarmet, is it sosjaal fan tige grut belang: in hiel grut part fan 'e befolking fynt wurk yn dizze 'e sektor. Maharashtra is in grutte produsint fan sûkerreid, katoen en ferskate soarten fruit.

Troch de sterke ekonomyske basis en it hege nivo fan ûnderwiis skoart Maharashtra ek goed op de Human Development Index (HDI), wêrmei't it ta de top fan 'e Yndiaaske steaten heart.

Yn Mumbay is de grutste filmyndustry fan 'e wrâld fêstige. Bollywood (in wurdspiling op Bombay en Hollywood) ferwiist spesifyk nei de Hindytalige filmwrâld, dy't syn oarsprong yn it Bombay fan ' jierren 1930 en 1940 hat. Bollywood is in yndustry dêr't miljarden yn omgeane en dêr't hûnderttûzenen minsken wurkje. De ûnbidige studiokompleksen, lykas Film City yn Goregaon, binne stêden op himsels.

De films steane oer de wrâld bekend om harren mjuks fan drama, aksje, romantyk en de karakteristike muzyk- en dûnssênes. De filmkultuer beynfloedet in soad yn Maharashtra: fan 'e moade op strjitte oant de muzyk op feesten. De ynfloed fan Bollywood soarget der ek foar dat de stêd in soad jonge minsken út hiel Yndia lûkt, dy't hoopje op in trochbraak.

Toerisme en Kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Elloragrotten.

De grotten fan Ajanta en Ellora binne wrâldferneamd om harren âlde boedistyske, hindoeïstyske en jaïnistyske timpels dy't út de rotsen houd binne. De steat hat hûnderten histoaryske forten (lykas Raigad en Pratapgad) dy't herinnerje oan it Maratharyk.

Maharashtra is de steat mei de measte UNESCO-wrâlderfgoedlokaasjes fan hiel Yndia. De sân lokaasjes binne:

  • De Grotten fan Ajanta en Ellora: timpels en kleasters dy't folslein út 'e rotsen houd binne. Ajanta is ferneamd om syn boedistyske muorreskilderingen, wylst Ellora in mingsel is fan boedistyske, hindoeïstyske en jaïnistyske keunst, mei de Kailasa-timpel as hichtepunt.
  • De Elephanta-grotten lizze op in eilân yn 'e haven fan Mumbai mei oan 'e god Shiva wijde hindoeïstyske grot-timpels.
treinstasjon fan Mumbai.
  • De Fiktoariaansk Goatyske en Art Deco Ensembles fan Mumbai bestiet út in samling 19e en 20e-iuwske gebouwen út 'e Britske tiid dy't de transformaasje fan Bombay ta in wrâldstêd fertsjintwurdigje. Ien fan dy monuminten is it treinstasjon Chhatrapati Shivaji Maharaj Terminus (CSMT).
  • De Militêre Lânskippen fan Maratha is in rige fan forten (dielde lokaasje mei Tamil Nadu) dy't de unike militêre strategy fan it Maratharyk sjen litte.
  • De West-Ghats is in berchtme dat bekend stiet om syn grutte biodiversiteit. Fan 'e 39 dielgebieten fan it erfgoed lizze der fjouwer yn Maharashtra.

It Ganesh Chaturthi is it grutste en meast populêre festival fan Maharashtra, wêrby't de oaljefantgod Ganesha dagenlang mei bylden en prosjesjes troch de strjitten fierd wurdt.

Nasjonale Parken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nasjonaal Park Tadoba.
  • It Nasjonaal Park Tadoba is it âldste en grutste nasjonale park fan 'e steat. It leit yn it distrikt Chandrapur en it is ien fan 'e bêste plakken yn Yndia om de Bingaalske tiger yn it wyld te spotten. It lânskip bestiet út tichte drûge leafbosken en de Tadobamar.
  • It Nasjonaal Park Sanjay Gandhi leit folslein yn 'e stedsgrinzen fan Mumbai. It is ien fan 'e meast besochte parken fan 'e wrâld. Njonken de rykdom oan floara en fauna (wêrûnder in populaasje panters), lizze dêr ek de 2.400 jier âlde Kanheri-grotten, in kompleks fan út 'e rotsen houde boedistyske kleasters.
  • It Nasjonaal Park Gugamal (Tigerreservaat Melghat) leit yn 'e Satpura-bergen yn 'e regio Amravati. Dat park it diel fan it Tigerreservaat Melghat en stiet bekend om syn rûge lânskip mei djippe dellingen.
Kraanfûgels yn it Nasjonaal Park Navegaon.
  • It Nasjonaal Park Navegaon leit yn it easten fan Maharashtra yn it Gondia distrikt. It is fral wichtich foar fûgels. De Navegaonmar is winterdeis in rêstplak foar tûzenen fûgels.
  • It lânskip fan it Nasjonaal Park Pench op 'e grins mei Madhya Pradesh hat de ynspiraasje west foar Rudyard Kipling om it The Jungle Book te skriuwen. It park is ryk oan tigers, bahlû's (bearen) en hûnderten fûgelsoarten.
  • It Nasjonaal Park Chandoli yn 'e súdlike West-Ghats is ûnderdiel fan it Wrâlderfgoed fan 'e West-Ghats. It lânskip is hjir hiel oars, mei flakke bergtoppen en tichte, altyd griene bosken.

Maharashtra wurdt as in parlemintêre demokrasy mei in twakeamerstelsel bestjoerd (it Vidhan Parishad as de Earste Keamer en it Vidhan Sabha as de Twadde Keamer), wylst de meast Yndiaaske steaten mar ien keamer hawwe. De gûverneur is it seremoanjele haad fan 'e steat en wurdt beneamd troch de presidint fan Yndia. De deistige lieding leit yn hannen fan 'e Chief Minister (haadminister), dy't de lieder is fan 'e grutste partij of koalysje yn it parlemint.

Foar it deistich bestjoer is de steat opdield yn seis bestjoerlike divyzjes (regio's). Dy divyzjes wurde fierder ûnderferdield yn 36 distrikten. In District Collector (distriktsbestjoerder) stiet oan it haad fan sa'n distrikt en is ferantwurdlik foar de belestingheffing en de iepenbiere oarder.

De lokale demokrasy op it plattelân wurdt útfierd troch doarpsrieden (Panchayati Raj), wylst de grutte stêden bestjoerd wurde troch gemeenterieden.

DistriktHaadplakYnwennertal (2011)Rûzing (2026)[1]Groei (%)
Konkan Divyzje
Mumbai CityMumbai3.085.4112.945.000-4,6%
Mumbai SuburbanBandra9.356.96210.120.000+8,2%
ThaneThane11.060.14812.850.000+16,2%
PalgharPalghar2.990.1163.680.000+23,1%
RaigadAlibag2.634.2003.080.000+16,9%
RatnagiriRatnagiri1.615.0691.680.000+4,0%
SindhudurgOros849.651875.000+3,0%
Pune Divyzje
PunePune9.429.40811.250.000+19,3%
SataraSatara3.003.7413.380.000+12,5%
SangliSangli2.822.1433.180.000+12,7%
KolhapurKolhapur3.876.0014.280.000+10,4%
SolapurSolapur4.317.7564.960.000+14,9%
Nashik Divyzje
NashikNashik6.107.1877.280.000+19,2%
DhuleDhule2.050.8622.420.000+18,0%
NandurbarNandurbar1.648.2951.980.000+20,1%
JalgaonJalgaon4.229.9174.880.000+15,4%
AhmednagarAhmednagar4.543.1595.180.000+14,0%
Aurangabad Divyzje (Marathwada)
AurangabadAurangabad3.701.2824.480.000+21,0%
JalnaJalna1.959.0462.340.000+19,4%
ParbhaniParbhani1.836.0862.150.000+17,1%
HingoliHingoli1.177.3451.400.000+18,9%
NandedNanded3.361.2923.980.000+18,4%
BeedBeed2.585.0492.920.000+13,0%
LaturLatur2.454.1962.850.000+16,1%
OsmanabadOsmanabad1.657.5761.880.000+13,4%
Amravati Divyzje
AmravatiAmravati2.888.4453.250.000+12,5%
BuldhanaBuldhana2.586.2422.980.000+15,2%
AkolaAkola1.813.9062.080.000+14,7%
WashimWashim1.197.1601.420.000+18,6%
YavatmalYavatmal2.772.3483.150.000+13,6%
Nagpur Divyzje
NagpurNagpur4.653.5705.380.000+15,6%
WardhaWardha1.300.7741.450.000+11,5%
BhandaraBhandara1.200.3341.320.000+10,0%
GondiaGondia1.322.5071.480.000+11,9%
ChandrapurChandrapur2.204.3072.580.000+17,0%
GadchiroliGadchiroli1.072.9421.240.000+15,6%
Totaal Maharashtra112.374.333~129.700.000+15,4%
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Report of the Technical Group on Population Projections (2011-2036), National Commission on Population, Ministry of Health and Family Welfare, Government of India.

Dielsteaten en unyterritoaria fan Yndia
Dielsteaten

Andhra Pradesh · Arunachal Pradesh · Assam · Bihar · Chhattisgarh · Goä · Gûdjarat · Haryana · Himachal Pradesh · Jharkhand · Karnataka · Kerala · Madhya Pradesh · Maharashtra · Manipoer · Meghalaya · Mizoram · Nagalân · Orissa · Pûndjaab · Radjastan · Sikkim · Tamil Nadu · Telangana · Tripoera · Uttar Pradesh · Uttarakhand · West-Bingalen

Unyterritoaria

Andamanen en Nikobaren · Chandigarh · Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu · Delhi (Nasjonaal Haadstedsk Territoarium) · Jammu en Kasjmier · Ladakh · Lakshadweep · Pondicherry

· · Berjocht bewurkje