Mahabharata

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mahābhārata)
Mahabharata
algemiene gegevens
oarspr. titel महाभारत ("Mahābhārata")
auteur Vyāsa e.o.
taal Sanskryt
foarm poëzij
sjenre epos
skreaun 5e iuw f.Kr. – 4e iuw n.Kr.

It Mahabharata, yn it oarspronklike Sanskryt: महाभारत, sekuerdere transliteraasje: Mahābhārata (útspr.: /məhɑːbʱɑːrət̪ɑ/), is ien fan 'e beide grutte epyske gedichten fan it hindoeïsme (it oare is it Rāmāyaṇa). It is fierwei it langste Sanskrityske epos, en bestiet út mear as 200.000 dichtregels. It is gearstald fan 'e fyfde iuw f.Kr. oant de fjirde iuw n.Kr., en wurdt tradisjoneel taskreaun oan 'e wize Vyāsa. It Mahābhārata, dat oerset wurde kin as it "Grutte Ferhaal fan 'e Bhārata-dynasty", beskriuwt de Kurukshetra-oarloch en it lot fan 'e rivalisearjende Pandava- en Kaurava-prinsen, dy't inoar it bewâld oer it Kuru-Ryk bekreauwe, mar giet dêrnjonken ek djip yn op teologyske en filosofyske kwestjes.

Mank de wichtichste ferhalen dêr't it Mahābhārata út opboud is, binne ek de Bhagavad Gītā, it ferhaal fan Damayanti (dat in ferkoarte ferzje fan it Rāmāyaṇa is) en de Ṛṣyaśṛṅga, dy't alletrije frij algemien beskôge wurde as masterwurken op harsels. Behalven yn it hindoeïsme nimt it Mahābhārata ek in wichtich plak yn yn it boedisme, it jaïnisme en it sikhisme. It is ien fan 'e hoekstiennen fan 'e kultuer fan Yndia en Nepal en teffens fan boedistyske Súdeastaziatyske lannen lykas Burma, Tailân, Laos en Kambodja, en sels fan it sûnt iuwen islamityske Yndoneezje en Maleizje. Kwa belang foar de wrâldliteraruer wurdt it Mahābhārata geregeld yn ien sike wei neamd mei de Bibel, de Koraan en de wurken fan Homêros en Shakespeare.

Opbou en oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Mahābhārata is in ûntsachlik epos fan likernôch 1,8 miljoen wurden, oardere yn likernôch 220.000 dichtregels en hast 100.000 śloka's (kûpletten). Of, om it oars te sizzen, it is it langste epyske dichtwurk fan 'e wrâld, acht kear sa lang as Homêros syn Ilias en Odyssee mei-inoar. De âldste oerlevere parten fan 'e tekst geane nei alle gedachten mar werom oant de fjirde of uterlik de fyfde iuw f.Kr., mar saakkundigen binne fan tinken dat de oarsprong fan it Mahābhārata as gehiel tebekgean moat op 'e achtste of njoggende iuw f.Kr. Neffens it Mahābhārata sels is it in útwreide ferzje fan in koarter ferhaal fan likernôch 50.000 dichtregels, dat it Bhārata hiet. It epos berikte wierskynlik syn definitive foarm yn it iere Gûpta-tiidrek, om 'e fjirde iuw (n.Kr.) hinne.

Draupadī en har fiif manlju, de Pandava's.

Skriuwerskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tradisjoneel wurdt it Mahābhārata taskreaun oan 'e wize Vyāsa, dy't ek wol bekendstiet Veda Vyāsa of Krṣna Dvaipāyana. Inkeld wurdt er ek wol lykslein mei Bādarāyana, de gearstaller fan 'e Fedantasûtra's, mar dat is in fersin. Vyāsa spilet sels ek in wichtige rol yn it ferhaal fan it Mahābhārata, en it is net ûnmooglik dat er der yndie de grûnslach foar lein hat, mar it is bûten kiif dat it epos yn syn tsjintwurdige foarm it wurk is fan generaasjes fan dichters, dêr't net mear ien fan oanwiisd wurde kin as dé skriuwer.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untdien fan alle omballingen beskriuwt it Mahābhārata de striid om it regear oer Kuru-Ryk tusken de fiif Pandava's, dy't eins goadesoannen binne, en harren folle neven, de hûndert Kaurava's, soannen fan 'e bline kening Dhritarashtra, dy't eins oanset binne troch demoanen, of mooglik sels de ynkarnaasjes fan demoanen binne. Fan jongs ôf oan binne de Pandava's en de Kaurava's rivalen, en withoefolle personaazjes wurde by de deilisskip belutsen, lykas Vyāsa, dy't it epos skreaun hawwe soe en dy't de pake fan sawol de Pandava's as de Kaurava's is, en de godheid Krṣna, in ynkarnaasje fan 'e god Vishnu, dy't him ûntjout ta de freon en geastlik liedsman fan 'e Pandava-prins Arjuna.

Shantanu en Satyavati, in skilderij fan Raja Ravi Varma: kening Shantanu, de stamheit fan sawol de Kaurava's as de Pandava's, stiket om 'e fiskersdochter Satyavati.

De fijânskip tusken de Pandava's en de Kaurava's wurdt bitter as de âldste Pandava, Yudhisthira, de troan bemachtiget en de Kaurava's him dy dan troch falsk te spyljen by in dobbelspul ûnfytmanje. Neffens de betingsten fan it dobbelspul moatte de fiif Pandava's en Draupadī, de frou mei wa't se in polyandrysk houlik oangien binne, tolve jier yn ballingskip libje. It trettjinde jier meie se weromkomme, mar moatte dan noch in jier lang anonym yn it keninkryk libje. Dêrnei moatte de Kaurava's de troan wer oan harren ôfstean, of it moat wêze dat dy harren yn it trettjinde jier yn it keninkryk ûntdutsen hawwe; yn dat gefal moatte de Pandava's nochris tolve jier yn ballingskip.

Mar as nei tolve jier ballingskip en in jier yn ferburgenheid trochbrocht te hawwen de Pandava's de troan wer opeaskje, stegerje de Kaurava's harren ôf. In oarloch is dan net mear oan te ûntkommen, en beide siden roppe harren fazallen en bûnsmaten gear, sadat twa grutte legers úteinlik foarinoar oer steane om 'e Kurukshetra-oarloch út te fjochtsjen. Krekt foar de grutte slach giet Arjuna te rie by Krṣna, mei't it him benearet om 'e striid oan te gean mei in leger dêr't famyljeleden en eardere freonen diel fan útmeitsje. Krṣna leit Arjuna dan syn plichten as bestjoerder en kriger út, wêrby't alderlei kwestjes oangeande teology en filosofy op 't aljemint komme. Dizze passaazje stiet bekend as de Bhagavad Gītā.

De slach begjint, en duorret achttjin dagen oan, ear't úteinlik de Pandava's de oerwinning behelje. Dat kinne se lykwols inkeld troch op in earleaze, ûnetyske wize de oanfierders fan it fijannige leger út 'e ljochten te helpen. Dat dy oanfierders de deugdsume Bhishma, harren âlde learaar Drona, harren healbroer Karna en harren omke Shalya wiene, makket it fansels noch helte slimmer. Likegoed bemachtigje de Pandava's hjirtroch de troan wer. Mar in fijân sprekt in flok út oer Krṣna, en fan gefolgen komt dy 36 jier letter te ferstjerren, en stjert syn dynasty koarte tiid dêrnei út. Dan jouwe Pandava's harren keningskip op en reizgje se nei de Himalaya ta, dêr't se fysyk nei de himel ta besykje te klimmen. Allinnich Yudhisthira hellet it, mar de god Yama bewissiget him derfan dat syn omkommen bruorren en harren frou har, nei in foechsum skoft trochbrocht te hawwen yn 'e ûnderwrrâld, wer by him foegje sille.

Histoaryske eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut archeologysk ûndersyk hat bliken dien, dat it Mahābhārata, krekt as Homêros syn Ilias, foar in part op wierheid berêst. Sa wurdt de haadstêd fan 'e Kaurava's Hastinapur neamd en binne de ruïnes dêrfan yn 'e jierren fyftich fan 'e tweintichste iuw bleatlein. Dêrby die ek bliken dat dy stêd om 800 f.Kr. hinne troch in oerstreaming fan 'e rivier de Ganges ferwuostge waard, in foarfal dat neffens in oare Sanskrityske tekst plakfûn yn 'e tiid fan 'e sânde kening dêre sûnt 'e foarfallen út it Mahābhārata, dy't sadwaande om likernôch 950 f.Kr. hinne datearre wurde moatte soene.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.