Springe nei ynhâld

Maguari-earrebarre

Ut Wikipedy
Maguari-earrebarre
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifteiberteftigen (Ciconiiformes)
famyljeeibertfûgels (Ciconiidae)
skaaiearrebarren (Ciconia)
soarte
Ciconia maguari
Gmelin, 1789
net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     net-briedfûgel

De Maguari-earrebarre (Ciconia maguari) is in grutte Súd-Amerikaanske earrebarre út 'e famylje eibertfûgels (Ciconiidae).

De Maguari-earrebarre wurdt likernôch 97 oant 120 sm heech en kriget in spanwiidte tusken de 155 en 180 sintimeter. It fearrekleed is foar it grutste part wyt mei swarte slachpinnen oan 'e wjukken. Om 'e eagen hinne is de hûd bleat en read fan kleur. De eagen binne ljochtgiel en de snaffel is blau-griis oan 'e basis en wurdt nei de punt ta donkerder. De poaten binne fel read en de koarte sturt is swart.

Fûgel yn Argentynje.

De fûgel komt eastlik fan 'e Andes foar yn grutte dielen fan Súd-Amearika (Argentynje, Brazylje, Oerûguay en Fenezuëla oant Suriname) foar en hâldt fan iepen lânskippen lykas sompen, wiete gerslân en ûnderstrûpt lân.

Hy wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield is.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maguari-earrebarren frette sa'n bytsje alles wat se yn it wetter fine kinne: kikkerts, fisken, iel, slangen en wetterynsekten. Ek pakke se lytse kjifdieren.

Oars as oare earrebarren boud de fûgel syn nêst op 'e grûn tusken reid of heech gers of yn lege strûken. De fûgels binne sosjaal en briede faak yn lytse koloanjes. Der wurde trochstrings twa aaien lein, dy't yn in moanne tiid útbret wurde.

De populaasje liket oer it generaal stabyl en de fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet yn Súd-Amearika. Der binne lykwols bedrigingen lykas habitatferlies, it brûken fan bestridingsmiddelen en yn 'e Llanos yn Fenezuëla is der in delgong waarnommen. De IUCN klassifisearret de fûgel lykwols as net bedrige (LC). Organisaasjes lykas BirdLife International wurkje mei lokale boeren gear om wiete gebieten te sparjen en der wurde keunstmjittige platfoarms set op plakken dêr't it hege gers ferdwûn is, sadat fee de aaien net stikken wâdzje.

De namme komt út de Tûpy-talen (praat troch lânseigen folken yn ûnder oaren Brazylje en Paraguay). Yn dy talen ferwiist de namme spesifyk nei dizze earrebarre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: