Magrebekster
| Magrebekster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pica mauritanica | ||||||||||||
| Malherbe, 1845 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Magrebekster (wittenskiplike namme: Pica mauritanica) is in fûgel út it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) en it skaai fan 'e eksters (Pica). Dit bist komt foar yn 'e Magrebregio fan Noard-Afrika. Hiel lang waard oannommen dat de Magrebekster in ûndersoarte fan 'e (gewoane) ekster (Pica pica) wie, mar nij ûndersyk brocht yn 2018 oan it ljocht it om in selsstannige soarte giet. De IUCN klassifisearret de Magrebekster as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Magrebekster waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1845 troch de Frânske koloniaal rjochter en ornitolooch Alfred Malherbe. Dizze fûgel waard mear as 170 jier lang oansjoen foar in ûndersoarte fan 'e (gewoane) ekster (Pica pica), dy't yn Jeropa en dielen fan Aazje foarkomt. Pas yn 2018 kaam by molekulêr fylogenetysk ûndersyk oan it ljocht dat de Magrebekster en trije oare 'ûndersoarten' fan 'e ekster eins selsstannige soarten binne. Feitliks is it sa dat de Magrebekster de sustergroep foarmet fan in klade dy't alle oare seis soarten eksters omfettet. Dat wol sizze dat fan alle sân soarten út it skaai fan 'e eksters (Pica) de Magrebekster eins genetysk sjoen de meast ôfwikende soarte is, ek al soene je dat neffens it uterlik net fermoedzje.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fersprieding fan 'e Magrebekster rint yn in diskontinuë stripe by de Atlantyske en Mediterrane kusten fan 'e Magreb lâns. Dizze fûgel komt foar yn it noarden fan 'e Westlike Sahara, yn it Atlasberchtme en it Rifberchtme fan Marokko, yn 'e Lytse Atlas en op 'e Barbarijske Heechflakte fan noardlik Algerije oant yn it Aurèsberchtme fan noardlik Tuneezje.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Magrebekster hat trochinoar in totale lichemslingte fan 46–50 sm, mei in gewicht fan likernôch 180 g. Dizze fûgel liket mei syn swartbûnte fearrekleed fan uterlik sterk op 'e (gewoane) ekster (Pica pica). Hy kin dêr lykwols fan ûnderskaat wurde troch it stikje ûnbefearre blauwe hûd oan 'e nekkekant fan 'e eagen, de smellere wite bealch, de koartere wjukken en de langere sturt.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Magrebekster is in opportunist dy't foarkomt yn ferskate biotopen. In betingst is lykwol de oanwêzigens fan beammen, dêr't er yn oernachtet en syn nêst yn bout. Dat der beammen wêze moatte, betsjut ek dat der in beskate mjitte fan oerflaktewetter of grûnwetter oanwêzich wêze moat, om't beammen sûnder wetter net oerlibje kinne. Yn 'e echte woastyn sil men sadwaande omdôch nei de Magrebekster sykje.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Magrebekster is in stânfûgel, dy't it hiele jier rûn yn syn wengebiet oanwêzich is. Hy libbet yn pearkes fan in mantsje en in wyfke. Magrebeksters binne territoriaal, en ferdigenje har gerjochtichheid tsjin soartgenoaten. Har nêsten bouwe se heech yn beammen. De piken binne nêstbliuwers, dy't nei it útkommen fan 'e aaien noch wikenlang troch de âlden fersoarge wurde moatte.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Magrebeksters hawwe in omnivoar dieet, dat bestiet út wringeleas dierte, lykas ynsekten, oare lidpoatigen en wjirms, en dêrnjonken lytse sûchdieren, de aaien en piken fan oare fûgelsoarten, beien en oare fruchten, sieden en ies. Ek binne se der net fiis fan om (ytber) ôffal op te romjen dat troch minsken efterlitten is.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Magrebekster binne ferskate soarten rôffûgels (lykas earnen) en teffens grutte ûlen. Piken binne ek kwetsber foar lytsere karnivoare fûgels, slangen en rotten. De Magrebekster is ek it slachtoffer fan briedparasitisme troch de toefkoekoek (Clamator glandarius).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Magrebekster hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje fierhinne stabyl liket te wêzen. Sûnt de 2010-er jierren bestiet der lykwols in delgeande populaasjetrend yn Tuneezje. Ut ûndersyk is bleken dat de oarsaak dêrfan it ferlies fan hiele nêsten piken is troch predaasje troch de Ibearyske toarnekster (Lanius meridionalis), de Egyptyske kobra (Naja haje) en de swarte rôt (Rattus rattus).
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Magrebekster is in monotypyske soarte, wat sizze wol dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

