Springe nei ynhâld

Madonna del Sasso (Orselina)

Ut Wikipedy
Madonna del Sasso
bouwurk
lokaasje
lân Switserlân
kanton Ticino
distrikt Locarno
plak Orselina
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Fanôf de 16e iuw
boustyl Barok
offisjele webside
Side Madonna del Sasso

De Madonna del Sasso (Madonna fan de Rots) is in hillichdom en beafeartsplak yn Orselina boppe de stêd Locarno yn Switserlân. It is it belangrykste beafeartsplak yn it Italjaansktalige diel fan Switserlân.

Ynterieur

De bou fan it hillichdom giet werom op in fizioen fan de muonts Bartolomeo d'Ivrea. De Fransiskaan seach yn de nacht fan 14 op 15 augustus 1480 de Jongfaam Marije.

De oan de Ferkundiging wijde tsjerke waard pas yn de 16e iuw boud op it plak fan in âldere kapel. Njonken de tsjerke foarmje in kleaster en ferskate kapellen en in krúswei ûnderdiel fan it kompleks.

It ynterieur fan de yn 1902 renovearre tsjerke is tige fersierd fresko's en skilderijen. Fan grutte wearde is it wûnderdiedige byld fan Madonna del Sasso (ein 15e iuw). Ut deselde tiid stamt in groep houten bylden fan de Beskrieming fan Kristus.

Under de alterstikken is benammen de "Flecht nei Egypte" fan de Lombardyske skilder Bramantino (± 1520) yn it súdlike sydskip it neamen wurdich. It alter yn de tredde kapel fan it noardlike tsjerkeskip hat in skilderij fan Antonio Ciseri (1870) mei in foarstelling fan Kristus dy't nei it grêf brocht wurdt.

It plein foar de tsjerke jout in skitterend oersjoch oer de stêd Locarno.

Fanút it sintrum fan Locarno rint in kabelspoarwei nei de Madonna del Sasso.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]