Springe nei ynhâld

Madagaskarwilster

Ut Wikipedy
Madagaskarwilster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaidûkelmantsjes (Anarhynchus)
soarte
Anarhynchus thoracicus
Richmond, 1896
IUCN-status: kwetsber

De Madagaskarwilster (Anarhynchus thoracicus; synonym: Charadrius thoracicus) is in waadfûgel yn it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

Madagaskarwilster.

It briedkleed fan 'e frij lytse wilster bestiet út in wite foarholle, in swarte bân oer de krún en in swarte eachstreek dy't oer it each trochrint. De efterkant fan 'e krún en de rêch binne middelbrún mei ljochtere úteinen oan 'e fearren, sadat de fûgel dêr bûnt is. De ûnderkant is wyteftich mei oranje tinten en in frije brede swarte bân oer it boarst.

De soarte is endemysk op Madagaskar oan 'e westlike en súdlike kust fan Andriamandroro oant Tapera yn in gebiet fan sa'n 139 km². De fûgel briedt dêr fan 'e delling fan 'e Mahavavy-rivier yn it noarden oant Fort-Dauphin yn it súdeasten.

De nêsten lizze op gerslannen, modderbanken, sâltwettersompen en oan marren en mangrovebosken. Fierder as in pear km it binnenlân yn briede se net. It is net bekend as de fûgel migrearret. De Tsimanampetsotsa-mar en de Marambitsy-baai binne de gebieten mei it heechste oantal briedpearkes.

Fûgel by it nêst.

De hiele populaasje wurdt op 1.800 oant 2.300 folwoeksen fûgels rûsd en de oantallen nimme ôf. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as kwetsber (2023) klassifisearre. De soart wurdt bedrige torch it lege briedsukses (neffens rûzingen 22,9%), it stadige fuortplantingstempo en syn tekoart oan oanpassingsfermogen by feroaring fan habitat. In soad natuerlike gebieten dêr't de fûgel foarkomt wurdt yn rysfjilden en garnalekwekerijen omset.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: