Springe nei ynhâld

Madagaskarprotter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Madagaskarprotters)
Madagaskarprotter
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaiMadagaskarprotters (Hartlaubius)
Bonaparte, 1853
soarte
Hartlaubius auratus
Müller, 1776
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Madagaskarprotter (Hartlaubius auratus) is in fûgel út 'e famylje protterfûgels (Sturnidae). De fûgel is de iennige yn it monotypyske skaai Hartlaubius en is endemysk op Madagaskar.

Madagaskarprotters wurde sawat 20 sm lang en 40 gram swier. Mantsjes ha in donkerbrune kop en binne wat ljochter brún op 'e boppeste dielen fan it bealchje. De wjukken binne fiolet glânzgjend donkerblau mei oan 'e bûtenkant in wite streek en in ovaal plak oan 'e binnenkant fan 'e bûtenste wjukfearren. De sturt is donkerblau mei in bytsje glâns, wylst de bûtenste sturtfearren wite rânen hawwe. It ûnderste diel fan it boarst en de flanken binne donkerbrún en de ûnderbúk, dijen en fearren ûnder de sturt binne wyt. De eagen fan 'e fûgel binne donkerbrún en de snaffel en poaten binne swart.

Wyfkes glânzgje wat minder as mantsjes en de boppekant fan 'e kop en nekke binne brún, mei ljochtere rânen op 'e fearren. Fan it kin oant it boarst en de siden binne de fearren mear griisbrún mei donkere streken yn 'e midden fan 'e fearren. Juvenilen lykje in soad op wyfkes.

Somtiden wurdt de fûgel noch as Saroglossa aurata yn it skaai moarmerprotters (Saroglossa) behannele, mar út DNA-stúdzjes die bliken dat de soarte net sa nau mei de oare soarte fan dat skaai besibbe is.

De Madagaskar komme it meast foar yn reinwâlden, mar kin ek sjoen wurde yn drûge leafbosken, galerijbosken, gebieten mei strûken en op plantaazjes. Hy wurdt meastentiids allinnich of yn lytse groepen faak by fruchtbeammen waarnommen.

Madagaskarprotters briede fan septimber oant novimber. Se briede faak yn beamholtes en de aaien binne feal blau mei brune plakken.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar tocht wurdt dat er yn oantal ôfnimt, mar net sa bot om as bedrige beskôge te wurden. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018).

De wittenskiplike skaainamme fan 'e fûgel is in earbetoan oan 'e Dútske ornitolooch Gustav Hartlaub (1814–1900).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: