Springe nei ynhâld

Madagaskarkustreager

Ut Wikipedy
Madagaskarkustreager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaailytse reagers (Egretta)
soarte
Egretta dimorpha
Hartert, 1914
IUCN-status: -

De Madagaskarzilverreiger (Egretta dimorpha) is in fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae).

De soarte stiet bekend om 'e twa ferskillende kleurfoarmen (morfen), dêr't er de spesifike namme oan te tankjen hat.

De donkere morf is oer it generaal laaigriis oant swarteftich mei in kontrastearjende wite kin en kiel. Yn 'e flecht is faak in wyt plak by de wjukbôge te sjen.

De wite morf is hast folslein wyt en hat in soad fan 'e lytse wite reager (Egretta garzetta), mar kin bytiden ek in pear donkere fearren ha.

Beide foarmen hat in swarte snaffel, swarte poaten mei giele teannen en in keale hûd tusken de snaffel en it each, dy't bûten de briedtiid giel is mar by de balts nei read oant djiprôze ferkleuret.

Grize morf
Wite morf

In soad autoriteiten lykas de IOC World Bird List behannelje de fûgel as in ûndersoarte (Egretta garzetta dimorpha) fan 'e lytse wite reager. It grutste ferskil is dat de dimorpha in donkere kleurfoarm hat, wat de gewoane lytse wite reager net hat.

Der binne ek taksonomen dy't de fûgel by de kustreager (Egret gularis dimorpha) yndiele fanwegen de oerienkomsten yn 'e donkere kleurfoarm en it habitat yn kustgebieten.

De soarte komt yn East-Afrikaanske kustgebieten foar en op ferskate eilannen yn 'e Yndyske Oseaan. It wichtichste leefgebiet is Madagaskar, dêr't se oan'e kust mar ek it lân yn foarkomme. Ek libje se op 'e Komoaren, de Seysjellen (fral it Aldabra-atol), Majot en Mauritsius en fierder oan 'e kustkrite fan fan Kenia en Tanzania (ynklusyf de eilannen Sansibar en Pemba) oant yn it noarden fan Mozambyk.

De Madagaskarkustreger hat gjin beskermingsstatus fan 'e IUCN om't dy de fûgel as in ûndersoarte fan 'e kustreager beskôget.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: