Springe nei ynhâld

Madagaskarjakana

Ut Wikipedy
Madagaskarjakana
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljejakanafûgels (Jacanidae)
skaaiAfrikaanske jakana's (Actophilornis)
soarte
Actophilornis albinucha
I. Geoffroy Saint-Hilaire 1832
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

read: ferspriedingsgebiet

De Madagaskarjakana (Actophilornis albinucha) is in fûgel út 'e famylje jakanafûgels. De fûgel dielt it skaai Actophilornis mei de Afrikaanske jakana.

Madagaskarjakana.

Lykas de oare soarten yn 'e famylje hat de Madagaskarjakana lange poaten en tige grutte teanen mei klauwen, dy't de fûgel helpe om op driuwende wetterplanten te rinnen. Mei in lingte fan 30 sintimeter is de Madagaskarjakana like grut as syn sibbe, de Afrikaanske jakana. It fearrekleed fan 'e kop is lykwols krektoarsom: wyt op 'e kroan en yn 'e nekke en glânzgjend swart op 'e kiel en hals gesicht en de nekke. It liif en de wjukken binne kastanjebrún, útseinde haadslachpinnen dy't swart binne. Op 'e stút binne de fearren wyt. De snaffel en it skyld op 'e foarholle binne blau.

De soarte is endemysk op Madagaskar. Ït habitat fan 'e fûgel bestiet út marren, fivers en sompen mei in soad begroeiïng. De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas oare soarten yn 'e famylje is de soarte polyandrysk. It mantsje briedt de aaien út.

De grutte fan 'e populaasje waard yn 800 oant 1600 folwoeksen fûgels rûsd en oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme troch jacht en ferlies fan habitat. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as bedrige (Endangered, 2020) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: