Reade fody
| reade fody | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Foudia madagascariensis | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De reade fody of Madagaskarfody (Foudia madagascariensis) is in fûgel út it skaai fodys (Foudia) út de famylje weverfûgels (Ploceidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It likernôch 10 sm lange fûgeltsje weaget tusken 14 en 19 gram. It mantsje is yn 'e briedtiid felread mei swarte rânen om it each. De wjukken en de sturt binne oliifbrún. Wyfkes en net-briedende mantsjes binne ûnopfallend en boppe oliifgrien mei donkerbrune streken en ûnder griisbrún.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reade fodys komme op Madagaskar foar en binne yntrodusearre op oare eilannen yn 'e Yndyske Oseaan, dêr't it fûgeltsje fanwegen konkurrinsje in bedriging foarmje kin foar de Mauritsiusfody (Foudia rubra) en de Rodriguesfody (Foudia flavicans). De soarte is algemien yn bosk, op greide en lânbougebieten, mar net yn tichte bosken. Op Madagaskar beskôgje rysboeren it fûgeltsje as in pleach.
De reade fody is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bûten it briedseizoen is de reade tody sosjaal. As it briedseizoen tichterby komt wurde der territoaria fan likernôch 30 m trochsnit ôfbeakene en sa briede de fûgels yn losse koloanjes. De fûgels binne monogaam en it mantsje begjint it nêst yn it sintrum fan it territoarium te bouwen, foardat de hofmakkerij begjint. It nêst is bolfoarmich mei in tagong op 'e side.
Read fodys iete foar in grut part sied, benammen gerssied, en ynsekten, mar ek fruit of nektar of wat se tusken ôffal fine.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oannommen wurdt dat de soarte stabyl is en dêrfandinne wurdt de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (LC, 2018) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
