Madagaskardûkein
Madagaskardûkein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() jerk ![]() wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Aythya innotata | ||||||||||||
Paleotti, 1894 | ||||||||||||
IUCN-status: krityk
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Madagaskardûkein (Aythya innotata) is in tige seldsume dûkein fan it skaai jollings (Aythya) út de famylje einfûgels (Anatidae). De soarte is endemysk op Madagaskar. De fûgel wie hast útstoarn en hat mei help fan in fokprogramma hjoed-de-dei wer in beskieden groeiende populaasje yn it wyld.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
John Gerrard Keulemans (1842–1912).
De soarte is tusken 42 en 56 sm lang. Juvenilen ha brune irissen en in feale, brune kleur mei in donkerder búk. Folwoeksen fûgels binne donkerder fan kleur. Yn 'e earste winter fan it jerkje wurdt syn each wyt. Jerken ha yn 'e briedtiid in donkere, kastanjebrune kop, kin, boarst en nekke mei swartefich brún op 'e boppebealch. De wjukken binne donkerbrún en ha in wite streek. Dielen ûnder de bealch fan 'e búk oant de sturt binne wyteftich, lykas ek de ûnderkant fan 'e wjukken. De snaffel en poaten binne donkergriis mei in swarte punt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op Madagaskar en libbet yn ynlânske wettergebieten. Oarspronklik libben de fûgels op ûndjippe marren en sompen mei tichte begroeiing. De yn 2006 ûntdutsen populaasje waard fûn yn in kâld en djip kratermar mei mar in bytsje wetterplanten, dat omfieme waard troch ticht bosk. Oare kratermarren wiene foar de ein hielendal ûngeskikt om't se ferlet ha fan ûndjip wetter. It bekken fan 'e Alaotramar wie earder ek in gebiet dêr't de ein in soad foarkaam, mar troch de oanlis fan rysfjilden en de yntroduksje fan rôffisken ferdwûn de ein dêr.
Op it stuit (2025) binne der twa wylde populaasjes, ien op 'e Sofiamar en ien op 'e Matsaborimenamar.
Nêst en iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels briede fan july oant febrewaris. De nêsten fan 'e fûgels wurde 20 oant 40 sm boppe wetter tusken planten oan 'e mar of sompen boud. In lechsel bestiet út 6 oant 10 aaien.
Madagaskardûkeinen ite oars as de oare jollings meast wetterynsekten.
Delgong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oannommen wurdt dat de populaasje fan 'e Madagaskardûkein dramatysk sakke yn 'e lette jierren 1940 en de iere jierren 1950. De oarsaak wie de yntroduksje fan ferskillende fisksoarten yn 'e mar, dy't de measte pykjes opfrieten en nêsten fernielden. Ek barde it dat folwoeksen fûgels opfretten waarden troch dy fisken. De útwreiding fan rysfjilden, it weidzjen fan fee, de yntroduksje fan rotten, jacht en fiskerij, it droech allegear by oan it ferdwinen fan 'e Madagaskardûkein. De lêste waarnimming fan meardere einen yn 'e Alaotramar wie fan 9 juny 1960, doe't in lytse groep fan likernôch 20 einen sjoen waarden. Alhoewol't de ein tige seldsum wie waard der in jerk sketten, dat nei it Zoölogysk Museum Amsterdam (hjoed-de-dei it Naturalis Biodiversity Center yn Leien) gie.
De ynearsten lêste waarnimming fan 'e soarte wie yn 1991 op 'e Alaotramar. In wie in solitêr jerkje, dat finzen nommen waard en in jier letter stoar. Alhoewol't der tusken 1989 en 2001 ferskillende kearen yntensyf socht waard nei fûgel yn it wyld, bleau dat sûnder resultaat.
Fan mooglik útstoarn nei earnstich bedrige
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn novimber 2006 waarden der dochs wer njoggen folwoeksen fûgels mei fjouwer piken op 'e Matsaborimenamar ûntdutsen, in wat fansiden lizzend gebiet yn Noard-Madagaskar. Alhoewol't de mar te djip en te kâld wie foar jollings om dêr goed te florearjen, wie it ien fan 'e lêste wiete gebieten dêr't de fûgels noch gjin lêst hiene fan fersmoarging, ynvasive soarten of lânbouaktiviteiten.
De soarte wie yn 2006 al yn 'e nije kategory "mooglik útstoarn" op 'e Reade list fan 'e IUCN set, mar nei de ûntdekking krige de fûgel yn 2007 de âlde status krityk/earnstich bedrige werom. Yn 2008 waarden der mar 25 folwoeksen fûgels yn it wyld teld.
Fokprogramma
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Om it útstjerren fan 'e ein tefoarren te kommen waard yn 2009 útein set mei it ferwiderjen fan in oantal aaien út in nêst oan 'e mar, dy't yn in laboratoarium yn in tinte by de mar útbret waarden. Nei it útkommen waarden de pykjes nei in opfangsintrum brocht. Ein 2009 sammelen de organisaasjes nochris in oantal aaien dy't útbret waarden. Yn april 2013 wie mei it fokprogramma it oantal einen oant 80 eksimplaren groeid. Nei't yn 2017 de populaasje 90 einen telde, begûnen de organisaasje tariedingen te meitsjen om de ein wer yn it wyld los te litten. Foar dat doel waard foar in twadde natuerlike populaasje de Sofiamar útkeazen, dêr't yn desimber 2018 de earste Madagaskardûkeinen frijlitten waarden. Om de fûgels te beskermjen waarden ek driuwende fûgelferbliuwen ynstalearre. Mear as in jier nei de weryntroduksje libben noch mar njoggen fan 'e útsette einen yn it gebiet. Ien wie stoarn en de rest wie sûnder in spoar efter te litten ferdwûn.[1] Begjin 2020 levere de populaasje fan 'e Sofiamar foar it earst piken op. De populaasje fan 'e Sofiamar is ôfhinklik fan oanfollende fieding yn 'e driuwende fûgelhokken. Yn 2022 telde de populaasje fan 'e Sofiamar 47 folwoeksen einen.
Hjoed-de-dei binne der twa foksintra foar de einen yn Antsohihy mei in finzen populaasje fan mear as 100 fûgels (2022).
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Madagascar pochard (ferzje 27 jannewaris 2025.)
|