Springe nei ynhâld

Maclearrôt

Ut Wikipedy
maclearrôt
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljemûseftigen (Muridae)
skaaiechte rotten (Rattus)
soarte
Rattus macleari
Thomas, 1887
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De maclearrôt of Maclears rôt (wittenskiplike namme: Rattus macleari) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Dit bist wie endemysk op Krysteilân yn 'e eastlike Yndyske Oseaan. It wie ien fan twa rottesoarten dy't allinnich mar op dat eilân foarkamen; de oare wie de buldochrôt (Rattus nativitatis). Beiden stoaren út yn 1903 by in yndirekt troch de minske feroarsake barren.

De maclearrôt waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1887 troch de Ingelske soölooch Oldfield Thomas. Dyselde pleatste it bist oarspronklik yn it skaai fan 'e echte mûzen (Mus), foar't it letter oerpleatst waard nei it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Sawol de wittenskiplike namme (Rattus macleari) as de algemiene gebrûksnamme fan 'e maclearrôt is in ferwizing nei kaptein John Maclear (18381907) fan it Britske kartearringsskip de HMS Flying-Fish, dy't yn 1886 it earste spesimen fan dit bist meinaam fan Krysteilân nei Ingelân.

Foarhinne waard tocht dat de neiste sibben fan 'e maclearrôt de gielsturtrôt (Rattus xanthurus) fan Selebes en de Filipynske boskrôt (Rattus everetti) fan 'e Filipinen wiene. In DNA-ûndersyk út 2018 brocht lykwols oan it ljocht dat de sustersoarte fan 'e maclearrôt eins Hainalds rôt (Rattus hainaldi) fan Floares is. De klade dy't dy beide soarten omfettet is dan sels wer de susterklade fan ien dy't de skaaien fan 'e boarstelrotten (Bandicota) en de koartsturtboarstelrotten (Nesokia) omfiemet. Dy gruttere klade is dan wer de susterklade fan 'e leden fan it skaai fan 'e echte rotten (Rattus) dy't yn Australaazje foarkomme. Dat twa oare skaaien middenyn it skaai fan 'e echte rotten pleatst wurde moatte, betsjut dat it skaai fan 'e echte rotten sa't it oant no ta definiëarre is, eins parafyletysk en dêrom taksonomysk ûnjildich is.

Yn syn fersprieding wie de maclearrôt beheind ta Krysteilân, in eilân mei in oerflak fan 135 km² yn it noardeasten fan 'e Yndyske Oseaan, likernôch 350 km súdwestlik fan it Yndonezyske haadeilân Java. It (doe ûnbewenne) eilân waard yn 1888 anneksearre troch it Feriene Keninkryk en net folle letter troch de Britten kolonisearre. (Tsjintwurdich is it ôfhinklik gebiet fan Austraalje.)

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De maclearrôt hie trochinoar in kop-romplingte fan 20,6 sm, mei in sturtlingte fan 20–25 sm en in gewicht fan 250–300 g. De pels wie brún op 'e boppeste lichemsdielen, mei swarte hierren dertrochhinne, en ljochter op 'e ûnderste lichemsdielen. Op 'e ûnderrêch groeiden promininte swarte hierren, dy't fier boppe de eigentlike pels útstieken. De sturt wie foar mear as de helte fan dûnker fan kleur, mar it lêste trêdepart wie wyt mei skobben. De oergong tusken de beide kleuren wie tige hommels.

Doe't de earste Jeropeänen op Krysteilân arrivearren, kamen maclearrotten dêr oerfloedich foar op 'e leger leine en minder ticht mei tropysk reinwâld begroeide dielen fan it eilân. (De heuvels en it tichtste oerwâld wiene it domein fan 'e buldochrôt.) De bisten hiene noch nea in minske sjoen en wiene alhiel net minskeskou. Mei't se blykber nachtdieren wiene, kamen se nei it fallen fan it tsjuster te foarskyn om yn alle rjochtings te foerazjearjen, wêrby't se oan ien wei troch rûzje makken en har oer it gedrach fan har soartgenoaten beklagen troch op skelle toan te piipjen.

De plasse fan in maclearrôt.

Yn 1886 krongen se by it foerazjearjen sels de tinten binnen dy't de bemanning fan it Britske skip de HMS Challenger op it eilân opslein hiene, wêrby't se oer de sliepende seelju hinne klommen en alles yn 'e bulten jagen mei har syktocht nei fretten.

It tinken mank biologen is dat de maclearrôt ferantwurdlik wie foar it yn 'e besnijing hâlden fan 'e populaasje fan 'e Krysteilânske reade krab (Gecarcoidea natalis). Resinte oantallen fan dat bist binne nammentlik folle grutter as dat se yn it ferline wiene.

De gongbere teory oangeande it frij hommelse útstjerren fan 'e maclearrôt is dat dit bist it slachtoffer waard fan in epidemy fan in ûnbekende sykte (mooglik in trypanosoom, in parasitêr iensellich organisme). Dy soe op Krysteilân brocht wêze troch swarte rotten (Rattus rattus) dy't by fersin op it eilân yntrodusearre wiene fan Jeropeeske skippen ôf. Ek de buldochrôt (Rattus nativitatis), de oare endemyske rottesoarte op Krysteilân, stoar dêrtroch út. De lêste waarnimming fan in maclearrôt datearret út 1903, hoewol't it yn teory mooglik is dat der krusings ûntstiene fan 'e maclearrôt mei de swarte rôt dy't it útstjerren oerlibben. In tiik, de maclearrottetiik (Ixodes nitens), dy't as in ektoparasyt (útwindige parasyt) fan 'e maclearrôt beskreaun waard, stoar nei alle gedachten tagelyk mei syn gasthear út.

Mooglik werombringen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maart 2022 waard ûntdutsen dat de maclearrôt sa'n 95% fan syn DNA dielde mei de brune rôt (Rattus norvegicus). Dat late ta ideeën om 'e soarte wer ta libben te bringen troch it missende DNA út 'e bewarre bleaune spesimina fan 'e maclearrôt te ferfangen troch DNA fan 'e brune rôt. Hoewol't dat slagge troch it gebrûk fan CRISPR-technology, die bliken dat inkelen fan 'e wichtichste genen fan 'e maclearrôt misten. Dat betsjutte dat de nije 'maclearrotten', soe it bist wer ta libben brocht wêze, gjin genetysk poere replika's fan 'e echte maclearrotten west hiene, om't guon kritike eleminten ûntbrieken, wêrûnder har krekte rook en beskate ymmuniteiten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.